Web Push lit websites jo op de hichte stelle fan nije berjochten of bywurke ynhâld, sels as de website net laden is. Wylst Firefox iepen is, kinne websites dêr't tastimming oan ferliend is meldingen stjoere nei jo browser, dy't op it skerm werjûn wurde. Troch op in melding te klikken kin de oarspronklike website iepene wurde of kin der oerskeakele wurde nei it ljepblêd fan dy website as dy laden is. Op stipe Windows-ynstallaasjes kin Firefox ek bepaalde meldingen ûntfange wylst it sluten is.
Jo kinne jo bygelyks abonnearje op meldingen fan jo favorite winkelwebsites dy't jo op de hichte stelle kinne fan nije aksjes of oanbiedingen. Jo kinne jo abonnearje op meldingen fan ferskillende websites. In konsertwebsite kin jo meldingen oanbiede foar optredens fan jo favorite band. Jo beslute om dy website ta te stean jo op de hichte te stellen, en in wike letter krije jo in melding dat jo band op toernee is.
Ynhâldsopjefte
- 1 Hoe freegje websites de tastimming foar meldingen oan?
- 2 De tastimming foar meldingen beheare foar in website dy't jo besykje
- 3 De tastimming foar meldingen beheare foar alle websites
- 4 Hoe lûk ik de tastimming foar meldingen yn foar in spesifike website?
- 5 Hoe stopje ik dat Firefox my freget om meldingen ta te stean?
- 6 Website-meldingen ûntfange wylst Firefox sluten is
- 7 Faak stelde fragen
Hoe freegje websites de tastimming foar meldingen oan?
As in website de tastimming oanfreegje wol, sjogge jo it Melding-tastimmingspiktogram
yn de adresbalke. As jo dêrop klikke, wurdt in pop-up werjûn waarmee't jo de tastimming ferliene of wegerje kinne.
As jo ynteraksje hân hawwe mei de website (troch op in toets op jo toetseboerd te drukken of ergens op de website te tikjen/klikken), wurdt de pop-up automatysk werjûn.
De tastimming foar meldingen beheare foar in website dy't jo besykje
- Klik op it hingelsslotpiktogram
skildpiktogram
oan de linkerkant fan de adresbalke.
- Klik op de knop ynboppe oan it paniel Website-ynformaasje dat iepene wurdt.
- Klik op Mear website-ynformaasjeMear ynformaasje yn it folgjende paniel om it finster Side-ynfo te iepenjen.
- Tip: jo kinne it finster Side-ynfo ek iepenje fia de menubalke, as de menubalke ynskeakele is. Klik op en selektearje yn it útklapmenu.
- Selektearje it ljepblêd Tastimmingen.
- Kies ûnder Meldingen ferstjoere in meldingsopsje: (standert), of . As jo karren griis binne, deselektearje dan it karfakje Standert brûke.
De tastimming foar meldingen beheare foar alle websites
- In the Menu bar at the top of the screen, click and select (or , in some cases).Click the menu button
and select .
- Selektearje oan de linkerkant.
- Gean omleech nei de seksje Tastimmingen enUnder de seksje Tastimmingen, klik op de knop rjochts fan Meldingen.
- Selektearje of yn it útklapmenu Steat foar ien fan de websites om de tastimming foar meldingen te ferlienen of te wegerjen. Tink derom dat it selektearjen fan foarkomt dat de website de tastimming opnij oanfreget.
- Om de tastimming foar meldingen te wegerjen, wylst de website dizze yn de takomst wol wer oanfreegje mei, selektearje jo de website en klikke jo op de knop ûnder de list.
- As jo klear binne, klikke jo op de knop .
Hoe lûk ik de tastimming foar meldingen yn foar in spesifike website?
Web Push is yn Firefox altyd opt-in. In website kin jo gjin pushmeldingen stjoere sûnder jo tastimming. Om te stopjen dat in spesifike website jo meldingen stjoert:
- In the Menu bar at the top of the screen, click and select (or , in some cases).Click the menu button
and select .
- Selektearje oan de linkerkant.
- Gean omleech nei de seksje Tastimmingen enUnder de seksje Tastimmingen, klik op de knop rjochts fan Meldingen.
- Selektearje de website.
- As jo de tastimming allinnich mar ynlûke wolle (wylst jo de website tastean dizze yn de takomst opnij oan te freegjen), klikke jo op de knop .
- As jo de tastimming ynlûke wolle en foarkomme wolle dat de website dizze opnij oanfreget, selektearje dan yn it útklapmenu Steat neist de website-URL.
- Klik op de knop .
As alternatyf:
- Besykje de website wêrfoar't jo de tastimming foar meldingen ynlûke wolle.
- Klik op it piktogram Tastimmingen
yn de adresbalke om it paniel Website-tastimmingen foar de website te iepenjen.
- Sykje de tastimming Meldingen ferstjoere en klik op de knop derneist om de tastimming fuort te smiten.
Jo kinne de tastimming ek wegerje yn it finster Side-ynfo sa't beskreaun is yn de seksje De tastimming foar meldingen beheare foar in website dy't jo besykje.
Hoe stopje ik dat Firefox my freget om meldingen ta te stean?
As in website oan Firefox oanjout dat dy meldingen toane wol, freget Firefox standert oft jo tastimming ferliene wolle. Jo kinne Firefox sa ynstelle dat tastimming automatysk wegere wurdt sûnder te freegjen. Sels nei de wijziging kinne jo útsûnderingen meitsje foar websites wêrfan't jo wolle dat se meldingen toane of pushfunksjes brûke fia it finster Side-ynfo.
- In the Menu bar at the top of the screen, click and select (or , in some cases).Click the menu button
and select .
- Selektearje oan de linkerkant.
- Gean omleech nei de seksje Tastimmingen enUnder de seksje Tastimmingen, klik op de knop rjochts fan Meldingen.
- Selektearje it karfakje Nije oanfragen foar it tastean fan meldingen blokkearje.
- Klik op de knop .
Website-meldingen ûntfange wylst Firefox sluten is
This feature is experimental and is being introduced to the Firefox user base through a progressive rollout. It may not yet be available to all users. Additionally, remote improvements must be enabled.
Net alle websites stypje meldingen wylst Firefox sluten is. Websites dy't pushmeldingen stjoere kinne jo op de hichte stelle sels as jo se net iepen hawwe yn in ljepblêd. Websites dy't meldingen rjochtstreeks fan in iepen ljepblêd út generearje kinne jo lykwols allinnich op de hichte stelle wylst dat ljepblêd iepen bliuwt.
Om dizze funksje te brûken, moatte jo earst op syn minst ien website tastean om jo meldingen te stjoeren. Firefox sil dan automatysk meldingen ynskeakelje wylst Firefox sluten is.
Jo kinne dizze funksje yn- of útskeakelje yn de Firefox-ynstellingen sûnder de tastimmingen foar meldingen te wijzigjen dy't jo al oan websites ferliend hawwe.
Sjoch foar mear ynformaasje, ynklusyf hoe't jo dizze funksje beheare kinne, op Lit websites jo in melding stjoere wylst Firefox sluten is.
Faak stelde fragen
Hoe wurket Web Push?
Websites kinne in Service Worker ynstallearje, in webside op de eftergrûn mei in beheinde set funksjonaliteiten, dy't him abonnearje kin op de pushtsjinst. De website kin dan in pushberjocht stjoere fia Mozilla’s Web Push-tsjinst nei jo browser, dy't dat berjocht ferwurkje kin en in melding op jo skerm werjaan kin.
Hokker ynformaasje diel ik mei in website?
In website dêr't tastimming oan ferliend is kin jo pushberjochten stjoere as de website net laden is. In kwotum beheint it oantal pushberjochten sûnder in melding op it skerm dat websites jo stjoere kinne. Foar websites dy't it kwotum oerskriide, wurdt it ferstjoeren fan pushberjochten útskeakele, en jo moatte se opnij besykje om jo wer te abonnearjen. Web Push stiet websites net rjochtstreeks ta om jo IP-adres te bepalen.
Hokker ynformaasje brûkt Firefox om Web Push oan te bieden?
Firefox ûnderhâldt in ferbining mei in pushtsjinst om pushberjochten te ûntfangen wylst it iepen is. Op stipe Windows-ynstallaasjes kin Firefox ek pushmeldingen ûntfange wylst it sluten is fia in byhearrend programma mei de namme Firefox Web Notifications. Dit programma ûnderhâldt de ferbining mei de pushtsjinst fan Mozilla oant Firefox wer iepene wurdt of de funksje útskeakele wurdt.
Op oare platfoarmen, of wannear't dizze funksje útskeakele is, einiget de ferbining wannear't Firefox sluten wurdt.
Firefox ûnderhâldt in aktive ferbining mei in pushtsjinst om pushberjochten te ûntfangen salang't it iepen is. De ferbining einiget wannear't Firefox sluten wurdt. Wy bewarje in willekeurige identifier (User Agent IDentifier of UAID) op ús server foar jo browser, tegearre mei in willekeurige troch de client generearre identifier foar elk push-abonnemint. Wannear't jo abonneminten hawwe, is de UAID fereaske om ús pushtsjinst ta te stean ynkommende berjochten nei Firefox te lieden. As jo gjin aktive abonneminten op pushmeldingen hawwe, rotearret Firefox de UAID by elke nije ferbining.
Op Firefox foar desktop wurdt de pushtsjinst beheard troch Mozilla. Firefox for Android brûkt in kombinaasje fan de Mozilla Web Push-tsjinst en Google’s Cloud Messaging-platfoarm om meldingen te leverjen oan Firefox for Android. Allinnich applikaasjes fan Mozilla binne ynskeakele om WebPush op iOS te brûken (tredde partijen is it ferbean om WebPush te brûken om meldingen nei iOS te stjoeren neffens de iOS-gebrûksoerienkomst).
Yn alle trije gefallen binne pushberjochten fersifere neffens de IETF-spesifikaasje, en allinnich jo eksimplaar fan Firefox kin se ûntsiferje. De fersifere berjochten wurde op de server bewarre oant se ôflevere wurde of ferfalle.
Wy bewarje jo IP-adres foar 90 dagen as ûnderdiel fan dizze tsjinst. De bewarre ynformaasje wurdt ûnjildich makke wannear't it IP-adres of de UAID wijzige wurdt. Wy bewarje gjin ynformaasje oer:
- de servers en/of tsjinsten dy't berjochten stjoerd hawwe
- wannear't in bepaalde user agent online/aktyf wie
Hoe foegje ik Web Push ta oan myn website?
De Push API-spesifikaasje leit út hoe't jo in Service Worker oanmeitsje en pushberjochten stjoere kinne.