Sneupje mei ljepblêden

Navigearje mei ljepblêden makket it mooglik ljepblêden te iepenjen yn ien Firefox-finster, dy't elk in webstee sjen litte. Jo kinne keppelings yn nije ljepblêden iepenje, dêr't se lade wylst jo de foarlizzende side lêze. Jo hoege net te wurkjen mei ljepblêden, mar as jo it dogge soenen jo it wolris in bettere, fluggere wize fine kinne om op it web om te sneupen.


Ljepblêden oanmeitsje en ynlade

Om in nij ljepblêd te iepenjen kinne jo op CtrlCmd+T drukke, Bestân > Nij ljepblêd kieze, of dûbeldklikke op in lege romte yn de ljepblêdbalke.


Om in keppeling yn in ljepblêd yn te laden kinne jo ien fan dizze mooglikheden brûke:


  • Middelklikke op de keppeling. (As jo in mûstsjil hawwe, is klikke op it tsjiltsje it selde as Middel-klikke op 'e keppeling.
  • Sleep de skeakel nei in leech gebiet yn 'e ljepblêdbalke. (As mar ien webstee iepen is kin it wêze dat de ljepblêdbalke ferburgen is. Sjoch [#customizing Ljepblêdopsjes oanpasse] foar mear ynformaasje oer hoe't jo dat feroarje kinne.)
  • Sleep de keppeling nei in ljepblêd om de keppeling dêryn te iepenjen.
  • Klik mei de rjochtermûsknopCtrlCmd+klik op de keppeling en kies Keppeling yn nij ljepblêd iepenje út it kontekst-menu.

Om in webadres yn 'e lokaasjebalke yn in nij ljepblêd te iepenjen, moatte jo it adres ynfiere en drukke op AltOpt+EnterReturn.


Ljepblêden fersette yn in finster

Ljepblêden wurde toand yn 'e folchoarder dêr't jo se yn iepenje, wat miskien net altyd goed útkomt. Sleep in ljepblêd gewoan mei de mûs nei it plak dêr't jo him hawwe wolle, om him nei in oar plak yn in finster fan Firefox te fersetten. Wylst jo it ljepblêd slepe, toant Firefox in lytse oanwizer om oan te jaan wêr't it ljepblêd telâne komme sil. Jo kinne ek [#keyboard_shortcuts toetskombinaasjes] brûke om ljepblêden binnen in finster te fersetten als jo dat wolle.


Ljepblêden slute

Om it aktuele ljepblêd te sluten kinne jo op CtrlCmd+W drukke, op 'e knop Slút ljepblêd klikke, middel-klikke op it ljepblêd sels, of Bestân > Slút ljepblêd kieze.


Om alle ljepblêden útsein it aktuele te sluten, klik mei de rjochtermûsknopCtrlCmd+klik op it ljepblêd en kies Slút de oare ljepblêden.


Ljepblêdopsjes oanpasse

Om het navigeren mei ljepblêden oan te passen, kies Ekstra > OpsjesEkstra > FoarkarrenFirefox > Foarkarren en iepenje it paniel Ljepblêden.


Handige tips en trúks

Blêdwizers en ljepblêden: Om in kloft ljepblêden oan jo blêdwizers ta te foegjen:

  1. Druk op CtrlCmd+D of kies KiesBlêdwizers > Blêdwizer foar alleljepblêden meitsje om alle ljepblêden yn it aktuele finster oan in nije blêdwizermap ta te foegjen.
  2. Gean om blêdwizers yn mear ljepblêden te iepenjen nei in blêdwizermap yn it menu en kies de opsje Iepenje yn ljepblêden. Jo kinne ek mei de middelste mûsknop op de map klikke om de ynhâld yn ljepblêden te iepenjen. De blêdwizers geane yn besteande ljepblêden iepen, net yn nije ljepblêden.

Ljepblêden as startside: Yn stee fan mar ien webside as jo startside te brûken, kinne jo jo startside út in kloft fan ljepblêden bestean litte. Kies jo favorite websiden en iepenje dy elk yn in ljepblêd yn ien finster. Kies Ekstra > OpsjesEkstra > FoarkarrenFirefox > Foarkarren en iepenje it paniel Algemien. Klik ûnder Startside op de knop Aktuele siden brûke. As jo fan no ôf op de knop Startside drukke, wurde jo favorite websteeën ynladen mei mar ien simpele klik.

In knop Nij Ljepblêd tafoegje oan in wurkbalke: Jo kinne ienfâldich in Nije ljepblêd-knop tafoegje oan 'e wurkbalke troch jo arkbalke oan te passen.

Toetskombinaasjes: Firefox hat gâns in tal toetskombinaasjes om by it websneupen mei ljepblêden te brûken; foar in folsleine list, sjoch Toetskombinaasjes.


Auteursrjocht © 2003-2008 Meiwurkers fan it Mozilla Help Viewer Projekt.


Share this article: http://mzl.la/LqKirE

Wie dit artikel behelpsum? Ien momint...

These fine people helped write this article: Fjoerfoks. You can help too - find out how.