Firefox oanpasse

This article is no longer maintained, so its content might be out of date.


Kin ik de arkbalken oanpasse?

Yn dit haadstik wurdt jo ferdútst hoe't jo arkbalken tafoegje, fuortsmite en oars skikke kinne yn Mozilla Firefox.


Ja, jo kinne de arkbalken oanpasse yn Firefox. Foar wa't ûnbekend is mei ditsoarte fan terminology, in arkbalke is it (meastal grize) fek boppe it gebiet dat it webstee werjout. Yn 'e arkbalke steane standert dizze ûnderdielen:


  • Menubalke: Dat is de arkbalke dy't de menu’s fan de browser befettet (Bestân, Bewurkje, Help, ensfh.).
  • Navigaasjebalke: Dat is de arkbalke dy't de Lokaasjebalke en de knoppen om tusken websteeën te navigearjen befettet.
  • Blêdwizerwurkbalke: Dat is de arkbalke dy't de blêdwizers út de map Blêdwizerarkbalke befettet.

Hoe pas ik myn arkbalken oan?

Der binne twa basismetoaden om arkbalken yn Firefox oan te passen:


  • [#adding_removing_toolbars Arkbalken tafoegje/fuortsmite]
  • [#rearranging_toolbar_items Underdielen op 'e arkbalken fersette]

Arkbalken tafoegje/fuortsmite

Jo kinne guon arkbalken fuorthelje as jo dy net op jo skerm hâlde wolle. Op dit stuit kinne dizze twa arkbalken fuorthelle wurde:


  • Navigaasje-arkbalke
  • Blêdwizerarkbalke

It is net mooglik om de menubalke fuort te heljen om't jo de eleminten fan it menu (Bestân, Bewurkje, Help, ensfh.) net nei in oare arkbalke ferpleatse kinne, om't er altyd op it skerm stean moat.


Sjoch om in arkbalke fuort te heljen yn it menu Byld op jo menubalke. Kies Byld > Arkbalken. Hjir sjogge jo in tal menu-ûnderdielen. De boppeste (boppe de skiedsline) binne de arkbalken dy't jo sjen litte kinne. Arkbalken dy't no net toand wurde, binne oanfinke en arkbalken dy't op dit stuit ferburgen binne, binne dat net. Klik gewoan mar op it menu-ûnderdiel fan in arkbalke om dy sjen te litten of te ferbergjen. De arkbalke wurdt no al neigeraden wat jo keazen hawwe, toand of net.


Kies Byld > Arkbalken > Oanpasse, om in arkbalk ta te foegjen. Klik op Nije arkbalke tafoegje (oan de ûnderkant fan it dialoochfinster). Dat jout jo in dialoochfinster mei de mooglikheid om in namme yn te fieren. Folje in namme yn, klik op OK. Sleep der dêrnei wat menu-ûnderdielen út it finster Arkbalke wizigje hinne, en klik dêrnei op Klear. Selektearje no it menu Byld > Arkbalken en jo sjogge dat jo nije arkbalke no yn 'e list stiet. Doch sa't hjirboppe beskreaun is om it te toanen of te ferbergjen.


Arkbalke-ûnderdielen op 'e nij skikke

Klik mei de rjochter mûsknopDruk Ctrl en klikop in part fan de arkbalke dêr't gjin tekst stiet, en kies Oanpasse... om de ûnderdielen (piktogrammen, knoppen, tekstfjilden, ensfh.) op jo arkbalke op 'e nij te pleatsen. Dêrtroch sil it dialoochfinster Arkbalke oanpasse toand wurde.


Sleep alle ûnderdielen dy't jo oanpasse wolle fan en nei de arkbalken (útsein de menu-ûnderdielen). Jo kinne ek piktogrammen dy't al op in arkbalke steane op 'e nij pleatse troch der mei te slepen en se nei jo sin te plak te setten. Klik op Klear, wannear't de arkbalken en ûnderdielen jo nei't sin te plak steane.


Spesjale arkbalke-ûnderdielen

Der steane in tal spesjale ûnderdielen ta jo beskikking wannear't jo de arkbalke oanpasse.

Dat binne:


  • Skiedslinen: Hjir kinne jo ûnderdielen op de arkbalken mei faninoar skiede troch in rjochtop steand streekje.
  • Romten: Dêrmei kinne jo ûnderdielen op 'e arkbalken skiede mei in romte fan fêste grutte, meastal fan sawat 20 piksels by de measte tema’s.
  • Fleksibele romten: Romten dêr't jo ûnderdielen mei op de arkbalken mei skiede kinne. Dy romten wurde automatysk grutter of lytser om alle lege romte op de arkbalke op te foljen. Dit is handich foar it te plak setten fan eleminten oan de rjochterkant fan in arkbalke.

Tema’s

Tema’s binne lytse bestannen dy't jo yn Firefox ynstallearje en dy't it úterlik fan Firefox wizigje. Tema’s meie de funksjonaliteit fan Firefox net oanpasse, mar wol it uterlik.


Tema's ynlade en ynstallearje

Jo kinne in hiel soad tema’s ynlade en ynstallearje fan Mozilla Update. Troch te sykjen op it ynternet sille jo ek gâns oare tema's fine.


As jo gewoanwei op in keppeling klikke om in tema te ynstallearjen jout Firefox in dialoochfinster wer dat jo om tastimming freget om it tema te ynstallearjen. Jo hawwe de mooglikheid om it yn te laden en te ynstallearjen ta te stean of om it proses ôf te brekken.


Tema’s fuortsmite

Klik op Ekstra yn de menubalke en kies it menu-ûnderdiel Tema’s, as jo in tema út Firefox fuortsmite wolle.


Kies yn de temabehearder it tema dat jo fuortsmite wolle. Klik dêrnei op de knop De-ynstallearje. It tema wurdt pas fuortsmiten nei't jo Firefox ôfsluten en op 'e nij iepene hawwe.


Fan tema wikselje

Kies it menu Ekstra en klik op Tema’s om fan it iene nei it oare tema oer te gean.


Kies yn 'e temabehearder it tema dat jo hawwe wolle en klik op de knop Tema brûke. It wurdt oanrikkemandearre om Firefox dêrnei ôf te sluten en wer te iepenjen om het tema goed ta te passen.


Tema’s fernije

As jo neigean wolle oft der ek in nijere ferzje fan it tema is dat jo ynstallearre hawwe, moatte jo it menu Ekstra fan Firefox iepenje en dêrnei it menu-elemint Tema’s kieze.


Yn 'e temabehearder lit Firefox jo in knop mei Bywurkje sjen foar tema's dêr't in fernijing foar beskikber is. Klik op de knop dy't by it tema heart dat jo bywurkje wolle.


Standert sil Firefox geregeld kontrolearje en it oan jo trochdwaan as der in nije ferzje fan in tema beskikber is. Jo kinne dy ynstelling feroarje yn it ljepblêd Fernijing fan it paniel Avansearre fan 'e OpsjesFoarkarren. Jo kinne hânmjittich neigean oft der fernijings binne troch op de knop No kontrolearje te klikken.


Utwreidings

Utwreidings binne lytse tafoegings oan Firefox dy't de besteande funksjonaliteit fan de browser feroaret of nije funksjonaliteit tafoeget.


Utwreidings krije en ynstallearje

It ynstallearjen fan útwreidings bart yn proses dat te ferlykjen is mei it ynstallearjen fan tema’s. Utwreidings binne te finen op Mozilla Update.


Der heart in ynstallaasjekeppeling te wêzen op elke side fan in útwreiding. Salang't JavaScript net útskeakele is yn jo browser, sil it klikken op dy keppeling de útwreiding foar jo ynstallearje.


Utwreidings fuortsmite

Kies Extra en Utwreidings as jo in útwreiding út Firefox opromje wolle.


Kies yn it behearskerm foar útwreidings de útwreiding dy't jo fuortsmite wolle, en klik dêrnei op de knop De-ynstallearje. Mooglik moatte jo Firefox ôfslute en op 'e nij iepenje om alle feroarings harren beslach krije te litten.


Utwreidings fernije

As jo neigean wolle oft der in nijere ferzje is fan in útwreiding dy't jo yn ynstallearre hawwe, iepenje dan it menu Ekstra it menu-ûnderdiel Utwreidings.


Yn de behearder foar útwreidings toant Firefox knoppen mei Bywurkje foar útwreidings dêr't in fernijing foar beskikber is. Klik op de knop foar de útwreiding dy't jo bywurkje wolle.


Standert sil Firefox geregeld kontrolearje en it oan jo trochdwaan as der in nije ferzje fan in útwreiding beskikber is. Jo kinne dy ynstelling feroarje yn it ljepblêd Fernijings fan it paniel Avansearre fan 'e OpsjesFoarkarren. Jo kinne hânmjittich neigean oft der fernijings binne troch op de knop No kontrolearje te klikken.


Auteursrjocht © 2003-2008 Meiwurkers fan it Mozilla Help Viewer Projekt.

These fine people helped write this article: Fjoerfoks. You can help too - find out how.