Popupfinsters

Dit dokumint leit alle yn Firefox beskikbere opsjes foar it kontrolearjen fan popupfinsters út.


Wat binne popupfinsters?

Popupfinsters, of popups, binne finsters dy't automatysk foar it ljocht komme sûnder jo tastimming. Se hawwe ûnderskate ôfmjittings mar bedekke meastal net it hiele skerm. Guon popupfinsters iepenje oer it aktuele finster fan Firefox, wylst oaren ûnder it aktuele finster fan Firefox ferskine (popunderfinsters).


Firefox makket it jo mooglik om it ferskinen fan popupfinsters en ek fan popunderfinsters te kontrolearjen troch it ljepblêd Ynhâld yn 'e OpsjesFoarkarren. It blokkearjen fan popupfinsters stiet standert op oan. Jo hoege der dus net oer yn te sitten oft it wol ynskeakele is om tefoaren te kommen dat popupfinsters ferskine yn Firefox.


By it blokkearjen fan in popupfinster toant Firefox in ynformaasjebalke, en ek in piktogram yn de steatbalke. Wannear't jo op 'e knop OpsjesFoarkarren yn 'e ynformaasjebalke of op it piktogram yn 'e steatbalke klikke, wurdt in menu werjûn mei de folgjende mooglikheden:

  • Popupfinsters fan dit webstee tastean/wegerje
  • [#popup_blocker_preferences opsjesFoarkarren foar popupblokkearring] bewurkje
  • Dit berjocht net werjaan by it blokkearjen fan popupfinsters
  • (In blokkearre popupfinster toane)


It ûnderdrukken fan popupfinsters kin swierrichheden feroarsaakje mei guon websteeën: Guon websteeën, ynklusyf dy fan guon banken, brûke popupfinsters foar wichtige funksjes. It blokkearjen fan alle popupfinsters sil soksoarte fan mooglikheden útskeakelje. Om spesifike websteeën ta te stean om popupfinsters te brûken, wylst alle oaren blokkearre wurde, kinne jo dy tafoegje oan de list mei tastiene websteeën.


It blokkearjen fan popupfinsters wurket net altyd: Hoewol't Firefox de measte popupfinsters blokkearret, kinne guon websteeën, sels as se blokkearre binne, mooglik popupfinsters toane troch gebrûk te meitsjen fan ûnbekende metoaden.


OpsjesFoarkarren foar popupblokkearring

De OpsjesFoarkarren foar it blokkearjen fan popups binne te finen yn it paniel Ynhâld yn

Ekstra > OpsjesEkstra > FoarkarrenFirefox > Foarkarren.


Hjirwei kinne jo de folgjende dingen dwaan:


  • Popupfinsters blokkearje: Helje it finkje út it fekje om it blokkearjen fan popupfinsters hielendal út te skeakeljen.
  • Tastiene websteeën: Dat is in list mei websteeën dêr't jo it oan tastean
wolle om popupfinsters wer te jaan. Dit dialoochfinster hat de folgjende mooglikheden:

    • Tastean: Klik dêrop om in webstee ta te foegjen oan de list
    • Webstee fuortsmite: Klik dêrop om in webstee út de list te smiten.
    • Alle websteeën opromje: Klik dêrop om alle websteeën út de aktuele
list fuort te smiten.

Opmerking: It blokkearjen fan popupfinsters wurket mooglik net altyd en kin swierrichheden feroarsaakje by guon websteeën. Foar mear ynformaasje oer it blokkearjen fan popupfinsters, sjoch [#what_are_popups Wat binne popupfinsters?].


Auteursrjcht © 2003-2005 Meiwurkers fan it Mozilla Help Viewer Projekt.


Share this article: http://mzl.la/1BAQuEQ

Wie dit artikel behelpsum? Ien momint...

These fine people helped write this article: Fjoerfoks. You can help too - find out how.