Nije ljepblêdside - topwebsites toane, ferstoppe en oanpasse

As jo in nij ljepblêd oanmeitsje, toant Firefox jo meast favorite websites om it beriken fan de winske side makliker te meitsjen as ea. Dit artikel toant hoe't jo websites oan dizze side fêstmeitsje kinne, de foarmjouwing herskikke kinne of de funksje sels útskeakelje kinne as jo dat wolle

Note: This applies to the latest Firefox bèta version which can be downloaded from mozilla.org/beta.

Hoe oarderje ik myn topwebsites op de nije ljepblêdside?

Jo kinne de websites dy't op de nije ljepblêdside ferskine ienfâldich fêstmeitsje, fuortsmite en herskikke.

In website fêstmeitsje

  • Klik ienfâldich op it punêzepiktogram yn de linkerboppehoek fan de website om dizze yn dy posysje op de side fêst te setten.

    Pin site - Win

In website fuortsmite

  • Klik op de “X” yn de rjochterboppehoek fan de website om dizze fan de side fuort te smiten.

    Delete site - Win

Websites herskikke

  • Klik op in website en sleep dizze nei de winske posysje. As de website noch net "fêstmakke” wie, sil dizze dat no wol wêze.
    Rearrange sites - WinRearrange sites - MacRearrange sites - Lin

Hoe skeakel ik de nije ljepblêdside út?

As jo gjin topwebsites sjen wolle as jo in nij ljepblêd oanmeitsje, kinne jo se ienfâldich ferstoppe:

  • Klik op de knop yn de rjochterboppehoek fan de side om de nije ljepblêdside út of wer yn te skeakeljen.
    Hide New Tab - WinHide New Tab - MacHide New Tab - Lin

As jo yn noed sitte om jo privacy, kinne jo dizze funksje folslein útskeakelje:

  1. Type about:config in the address bar and press EnterReturn.
    A warning page may appear. Click Accept the Risk and Continue to go to the about:config page.
  2. Typ browser.newtab.url yn it sykfjild.
  3. Dûbelklik op de foarkarynstelling browser.newtab.url en wizich de url fan about:newtab nei about:blank.
  4. Klik op OK en slút it ljepblêd about:config.

Wie dit artikel behelpsum?

Ien momint…

Dizze aardige minsken hawwe holpen by it skriuwen fan dit artikel:

Illustration of hands

Frijwilliger wurde

Lit jo ekspertize groeie en diel dizze mei oaren. Beäntwurdzje fragen en ferbetterje ús kennisbank.

Mear ynfo