Profilen

Dit artikel kin net mear by de tiid wêze.

Der is in wichtige wiziging west yn it Ingelske artikel wêrop't dit basearre is. Oant dizze side fernijd is, fine jo dit miskien behelpsum: Profiles - Where Firefox stores your bookmarks, passwords and other user data

Dit artikel leit út hoe't Firefox mei profilen wurket, wat de Profylbehearder is en wêr't jo de profylmap fan Firefox fine kinne.

Ynhâldsopjefte


Ynhâld fan jo profyl

Firefox hâldt alle persoanlike gegevens en ynstellings by yn in profyl. It Firefox-profyl hat ûnder oare:

  • blêdwizers
  • automatyske reservekopieën fan de blêdwizers fan de ôfrûne 5 dagen
  • skiednis (besochte websteeën)
  • gegevens fan ynladen bestannen
  • cookies
  • wachtwurden
  • ynstellings
  • tafoegings en tema's
  • gegevens dy't troch tafoegings bewarre wurde

Firefox bewarret it profyl op in oare lokaasje dan de ynstallaasjemap fan Firefox. As Firefox de-ynstallearre wurdt of op 'e nij ynstallearre wurdt, dan bliuwe profilen behâlden.

Mear profilen

De measte Firefox-brûkers hawwe genôch oan 1 profyl. In standertprofyl wurdt oanmakke as jo Firefox foar it earst opstarte.

As mear brûkers deselde kompjûter brûke mei elk hun eigen account, dan hat elke brûker ûnder syn account in eigen Firefox-profyl.

It is mooglik dat in brûker mear profilen hat, mar dizze mooglikheid is bedoeld foar betûfte brûkers. Yn de measte gefallen is it net nedich om der mear profilen te hawwen.

  • As jo problemen mei Firefox tsjinkomme, dan is it handivh om in nij profyl oan te meitsjen om te sjen of dat it probleem ferhelpt. Dit twadde profyl kinne jo dan brûke om bepaalde ynstellings te testen los fan it orsjinele profyl.

It kin ek barre dat der in twadde profyl foar jo oanmakke wurdt. Fia de profylbehearder kinne jo dan weromgean nei it orsjinele profyl sûnder dat der wat ferlêrn giet.

Foar mear ynformaasje oer dizze ûnderwerpen:

Profylbehearder

Fia de profylbehearder kinne jo profilen oanmeitsje, werneame of fuortsmite en tusken ferskate Firefox-profilen skeakelje. Folgje de ynstruksjes hjirûnder foar jo bestjoeringssysteem om de profylbehearder te starten.

Windows

  1. Slút Firefox ôf. Om Firefox ôf te sluten klikke jo yn it menu op Bestân en dêr kieze jo foar Ofslute.
  2. Dêrnei geane jo nei it START-menu yn de Windows-taakbalke en dêr kieze jo foar Uitvoeren.
  3. Yn it Uitvoeren-finster fiere jo it folgjende yn:
    firefox.exe -ProfileManager
  4. Klik op OK en dan moat de profylbehearder starten wurde.

Mac OS

  1. Slút Firefox ôf. Om Firefox ôf te sluten klikke jo yn it menu op Firefox en dêr kieze jo foar Firefox ôfslute.
  2. Gean nei /Applications/Utilities en iepenje de Terminal-tapassing.
  3. Iepenje in Finder-finster en gean nei it ikoantsje fan Firefox.
  4. Sleepje it Firefox-ikoantsje fan de Finder nei it Terminal-finster.
  5. Klik op it Terminal-finster en druk op Delete.
  6. Fier no it folgjende yn:
    /Applications/Firefox.app/Contents/MacOS/firefox -ProfileManager

Linux

  1. Slút Firefox ôf. Om Firefox ôf te sluten klikke jo yn it menu op Bestân en dêr kieze jo foar Ofslute.
  2. Iepenje in Terminal-finster.
  3. By de measte Linux-distribúsjes stiet Firefox hjir:
    /usr/bin/firefox
  4. Om de profylbehearder fan Firefox te starten, fiere jo it folgjende yn (folge troch Enter):
    /usr/bin/firefox -profielManager

De profylbehearder brûke

As de profylbehearder starten wurdt, dan sjocht dizze der sa út: firefox-profylbehearder.png

  • Offline wurkje: Firefox start op, mar jo hawwe gjin ferbining mei it ynternet. Wol kinne jo HTML-bestannen besjen en oare ynformaasje op jo eigen systeem of netwurk.
  • Net freegje tiidens opstarten: Firefox start automatysk it profyl dat it lêst brûkt is. As dizze opsje net oanfinkt wurdt, dan wurdt eltse kear dat Firefox opstart de profylbehearder toand.

Om Firefox op te starten, selektearje jo it winske profyl en klikke jo dêrnei op Firefox starte. Firefox wurdt no starten mei it selektearre profyl.

Om in nij profyl oan te meitsjen klikke jo op Profyl oanmeitsje. Yn it finster dat dan ferskynt:

  1. Fiere jo in namme foar it nije profyl yn
  2. Klikke jo op Foltôgje.

Dit makket in nij profyl oan op de standert-lokaasje. Dit lêste wurdt mei klam oanrikkemandearre.

Let op dat jo troch yn it foargeande finster op Map kieze te klikken in profylmap kieze kinne. De map dy't jo dan kieze moat leech wêze. Brûk dizze opsje mei omtinken.

As jo de opsje "Map kieze" brûke, kies dan gjin map dy't ek net-Mozilla-bestannen befat. Oars komme de Firefox profylgegevens troch die oare bestannen hinne. As jo dêrnei it profyl fuortsmite soenen mei de opsje "Bestannen fuortsmite" dan wurde alle bestannen yn die map fuortsmiten. Sjoch de (Mozilla bug-beskriuwing).

Om in profyl te werneamen klikke jo op Profyl werneame. Dit werneamt it profyl yn de profylbehearder. De byhearende profylmap wurdt net werneamd.

Om in profyl fuort te smiten selektearje jo it profyl en klikke jo op Profyl fuortsmite. In befestigings-dialooch wurdt no toand.

  • Klik op Bestannen net fuortsmite om it profyl út de profylbehearder fuort te smiten en de bestannen te bewarjen (dit wurdt oanrikkemandearre).
  • Klik op Bestannen fuortsmite om it profyl en de profylbestannen folslein fuort te smiten. Brûk dit mei omtinken.
    As jo de "Bestannen fuortsmite"-opsje brûke dan wurde de profylgegevens fuortsmiten. Dizze aksje kin net ûngedien makke wurde.
  • Klik op Annuleren om terug te keren naar de profielbeheerder zonder het profiel te verwijderen.

Om de profielbeheerder te beeindigen klikt u op Afsluiten. Veranderingen die u in de profielbeheerder hebt aangebracht worden dan opgeslagen.

In profyl fia de opdrachtprompt lade

Jo kinne in spesifyk profyl fia de opdrachtprompt lade troch de folgjende arguminten op te jaan:

||::Arguminten::|::Omskriuwing::|::Foarbyld:: -P <namme> | Om in spesifyk profyl te starten, foegje jo -P en de namme fan it profyl (lykas dizze yn de profylbehearder toand wurdt) ta. As de namme fan it profyl út mear wurden bestiet, pleats dizze dan tusken oanhaaltekens. | firefox.exe -P "namme profyl" -profile <dir> | Brûk dit om in profyl op de opjûne lokaasje te starten, wêrby <dir> de folsleine ferwizing nei in map is. | firefox.exe -profile "D:\Mozilla\Firefox\Profiles\namme profylmap" ||

Wêr is jo profylmap?

Elts profyl wurdt yn in profylmap op jo hurde skiif bewarre. Yn de measte gefallen hoege jo de ynhâld fan dizze map net sels te bewurkjen, omdat de measte ynhâld fan it profyl fia Firefox en de tafoegings beheard wurde kin.

Toch kin it handich wêze om de lokaasje fan jo profylmap te witten, bygelyks om in reservekopy fan jo persoanlike gegevens te meitsjen. De ûndersteande tabel jout de standert-lokaasjes fan de profylmap fan Firefox oan ûnder de ferskate bestjoeringssystemen.

  • De foarbylden ferwize nei it standertprofyl. De byhearende profylmap hjit xxxxxxxx.default, wêrby xxxxxxxx samar in reeks fan 8 karakters is.
  • Yn de ûndersteande tabel ferwiist <brûkersnamme> nei jo Windows-brûkersnamme.

||::Bestjoeringssysteem::|::Profylmap:: Linux | ~/.mozilla/firefox/xxxxxxxx.default/ Mac OS X | ~/Library/Application Support/Firefox/Profiles/xxxxxxxx.default/ Windows 98/Me | C:\WINDOWS\Application Data\Mozilla\Firefox\Profiles\xxxxxxxx.default\ Windows XP/2000 | C:\Documents and Settings\<brûkersnamme>\Application Data\Mozilla\Firefox\Profiles\xxxxxxxx.default\ Windows Vista | C:\Users\<brûkersnamme>\AppData\Roaming\Mozilla\Firefox\Profiles\xxxxxxxx.default\ ||

Let op: Mei Windows 2000 of letter (XP, Vista) is it miskien net mooglik om nei dizze lokaasje te gean, omdat standert ferstoppe mappen net toand wurde. Om ferstoppe bestannen en mappen toch te toanen geane jo nei Windows Explorer (of Mijn Computer) en dan:

  • Windows 2000 en XP: klikke jo op Extra > Mapopties > tabblad Beeld > Verborgen bestanden en mappen tonen
  • Windows Vista: klikke jo op Organiseren > Mappen en Zoekopties > Mapopties > tabblad Beeld > Verborgen bestanden en mappen tonen


Share this article: http://mzl.la/1BAQULj

Wie dit artikel behelpsum? Ien momint...

These fine people helped write this article: Fjoerfoks. You can help too - find out how.