Ferklearjende wurdlist

This article is no longer maintained, so its content might be out of date.

%brandDTD;

] >

 

Dizze ferklearjende wurdlist wurdt jo inkeld en allinne foar jo ynformaasje oanbean en is net 
 ornearre as folsleine of foechhawwende beskriuwing fan de hjirûnder omskreaune termen of 
 fan de privacy- en/of befeiligingskonsekwinsjes fan 'e beskreaune technologyen.

 

Ferklearjende wurdlist

Befeilige webstee (Secure Site): In webstee dat [#encryption fersifering (encryption)] brûkt yn ferbinings

mei Firefox om te foaren te kommen dat oare kweawillige ynternetbrûkers
ferstjoerde ynformaasje besjen kinne. Wannear't jo in befeilige webstee besykje sil Firefox
in piktogram mei in slot yn 'e [#Status_Bar Steatbalke (Status Bar)] en 
[#location_bar Lokaasjebalke (Location Bar)] toane. Firefox toant
de domeinnamme fan it webstee yn de steatbalke (om te foaren te kommen dat websteeën dy't ferkeardens yn 't sin hawwe, jo ynformaasje stelle) en feroaret de eftergrûnkleur fan 'e
lokaasjebalke yn giel.

Guon websteeën binne mooglik gearstald út beide befeilige en net-befeilige gegevens; de net-befeilige gegevens

binne meastal net persoanlik, hoewol't dat net garandearre is. Foar soksoarte
websteeën toant Firefox in piktogram fan in slot mei in streek dertroch hinne yn
de steatbalke en de lokaasjebalke, en sil de domeinnamme fan it webstee net yn de steatbalke toand wurde, dat jo sadwaande witte dat jo it aktuele webstee net folsein befeilige
is.

Begjinside (Homepage): De side dy't toand wordt fuortdaliks nei't jo Firefox iepenje of wannear't jo

op de knop Begjinside klikke. Wurdt ek brûkt om nei de haadside fan in
webstee te ferwizen, dêr't jo de rest fan it webstee út wei ûntdekke kinne.

Blêdwizer (Bookmark): In bewarre webadres ([#Uniform_Resource_Locator ur<x>l])

dêr't jo maklik hinne gean kinne troch op in blêdwizerpiktogram op 'e blêdwizerwurkbalke te klikken
of troch de namme fan 'e blêdwizer te kiezen yn it menu Blêdwizers.

Blêdwizerwurkbalke (Bookmarks Toolbar): De oanpasbere wurkbalke dy't yn Firefox standert net ûnder de lokaasjebalke ferskynt.

Der steane knoppen op foar jo favorite blêdwizers
(of mappen dy't kloften blêdwizers befetsje), dêr't jo guon oan taheakje of oaren fan fuortsmite kinne.

Buffer (Cache): In samling fan kopyen fan websiden, dy't op 'e hurde skiif fan jo kompjûter of yn it

wurkûnthâld (RAM) dêrfan opslein binne. Firefox sammelet dy kopyen
wylst jo op it web omsneupe. Wannear't jo op in keppeling klikke of in
[#Uniform_Resource_Locator ur<x>l] yntype om in beskate webside te iepenjen
dêr't yn de buffer al in kopy fan oplsein is, sil Firefox de kopy yn de buffer ferlykje
mei it orizjineel. As der gjin feroarings binne, brûkt Firefox de
kopy yn de buffer yn pleats dat er it orizjineel op 'e nij laadt. Soks skeelt yn 'e ferwurkings- en ynlaadtiid.

Client: Programmatuer (lykas in browser) dy't fersiken stjoert nei en

ynformaasje ûntfangt fan in [#server server] dy't gewoanlik
op in oare kompjûter draait. In kompjûter dêr't client-programmatuer op draait
wurdt ek beskreaun as in client.

Cookie: In lyts stikje ynformaasje dat guon websteeën op jo kompjûter delsette. Wannear't

jo op sa'n webstee komme, sil it webstee oan Firefox freegje om ien of mear cookies
op jo hurde skiif te setten. Letter, as jo wer op dat webstee komme, stjoert Firefox it
webstee de cookies dy't derby hearre. Cookies helpe websteeën om
ynformaasje oer jo by te hâlden, lykas de ynhâld fan jo winkelkarke. Jo kinne jo cookie-foarkar
ynstelle om te bepalen hoe't cookies brûkt wurde en hoefolle ynformaasje oan
websteeën tastien wurdt om deryn op te slaan.

Dekodearjen (Decryption).: It proses fan it útinoar tiizjen fan gegevens dy't fersifere binne. Sjoch ek by

[#encryption fersifering (encryption)].

Digitaal ID: Sjoch [#certificate sertifikaat (certificate)].

Extensible Markup Language (XML): In iepen standert foar it beskriuwen fan gegevens. Oars as HTML jout XML de ûntwikkeler

fan in webside de mooglikheid om spesjale tags te definiearjen. Sjoch foar mear ynformaasje
it online W3C-dokumint [http://www.w3.org/XML/ Extensible
Markup Language (XML)].

Feed: In [#XML XML] webside dy't in list mei keppelings nei

oare websiden befettet. Spesjale programma’s kinne feeds lêze om in list
mei koppen út de keppelings te meitsjen en dy list automatysk fernije as er feroaret. Websteeën mei
nijs brûke feeds om fluch de lêste nijsberjochten te publisearjen en persoanlike online weblogs
brûke feeds faak om de besikers fluch te ynformearjen oer
nije berjochten. Sjoch ek by [#live_bookmark live blêdwizers (live bookmarks)].

Fersifering (encryption): It proses fan it ferhutseljen fan ynformaasje op in sadanige wize dat de betsjutting derfan ferburgen wurdt.

Fersifere (befeilige) ferbinings tusken kompjûters meitsje it bygelyks tige dreech foar tredden om
ynformaasje dy't troch de ferbining streamt útinoar te tizen, of te of dekodearjen. Fersifere ynformaasje
kin allinne dekodearre wurde troch ien dy't de passende kaai yn besit hat.

File Transfer Protocol (FTP): In standert dy't it brûkers mooglik makket om bestannen oer in netwurk fan in kompjûter nei in

oarenien te transportearjen. Jo kinne Firefox brûke om bestannen mei help fan
FTP op te heljen.

FIPS PUBS 140-1: Federal Information Processing Standards Publications (FIPS PUBS) 140-1 is

in Feriene Steaten-regearingsstandert foar de ymplemintaasje fan kryptografyske modules —
apparatuer of programmatuer dy't gegevens fersiferet en ûntsiferet of oare
kryptografyske aksjes útfiert (lykas it meitsjen of neigean fan digitale ûndertekeningen).
In soad produkten dy't ferkocht wurden oan it regear fan de FS moatte foldwaan oan ien of mear fan de
FIPS-standerts.

Geheime kaai (Private key): Ien fan 'e twa kaaien dy't brûkt wurde yn iepenbiere-kaaikryptografy. De geheime kaai wurdt

geheim hâlden en brûkt om gegevens te dekodearjen dy't mei de oerienkommende iepenbiere kaai fersifere binne.

Haadwachtwurd (Master password): In wachtwurd dat brûkt wurdt om bewarre wachtwurden en oare persoanlike ynformaasje te beskermjen.

Firefox sil in finster toane om jo haadwachtwurd yn te jaan
as jo tagong ta dy ynformaasje hawwe wolle. As jo mear as ien feilichheidsapparaat hawwe, sil elk feilichheidsapparaat in eigen haadwachtwurd fereaskje.
  
Hypertext Markup Language (HTML): It dokumintformaat dat brûkt wurdt foar websiden. De HTML-standert definiearret tags, of
koades, dy't brûkt wurde om de tekstopmaak, lettertypen, styl, printsjes
en oare eleminten te definiearjen dy't mei-inoar in webpagina foarmje.

Ynstekker (Plug-in): In soarte [#helper_application fan helptapassing (helper application)] dy't

nije mooglikheden oan Firefox tafoeget, lykas de mooglikheid om audio-
of fideoclips ôf te spyljen. Oars as oare soarten helptapassings ynstallearret in ynstekker
himsels yn de map Plugins ûnder de haadmap fan de ynstallaasje fan Firefox en kin it yn
Firefox iepene wurde. In audioynstekker makket it jo bygelyks mooglik te
harkjen nei audiobestannen op in webside of yn in e-mailberjocht. Macromedia
Flash Player en Java binne foarbylden fan ynstekkers.

Ynternet: In wrâldwiid netwurk fan miljoenen kompjûters dy't mei-inoar kommunisearje troch standartprotokollen lykas

[#Transmission_Control_Protocol_Internet_Protocol TCP/IP].
Hoewol't it oarspronklik yn 1969 foar it leger fan 'e FS ûntwikkele waard, groeide it ynternet út om
edukative en wittenskiplike ynstellings, en yn de lette njoggentiger jierren, miljoenen
bedriuwen, organisaasjes en yndividuen te omfetsjen. Hjoed-de-dei wurdt it ynternet brûkt foar e-mail,
sneupen op it [#World_Wide_Web World Wide Web], instant messaging,
mailinglisten en nijsgroepen, en allegear oare doelen.

Ynternet protokol adres (IP address): It adres fan in kompjûter op in

[#Transmission_Control_Protocol_Internet_Protocol TCP/IP]-netwurk.
Elke kompjûter op it ynternet hat in IP-adres. [#client Clients] hawwe of in fêst IP-adres of in adres dat harren op dynamyske wize alle kearen as 
se harren ferbine mei it netwerk, tawiisd wurdt.

Java: Een programmeartaal dy't troch Sun Microsystems ûntwikkele is. Ien Java-programma

kin draaie op aardich wat ferskillende soarten kompjûters, wat te foaren komt dat programmeurs
aparte ferzjes foar elk kompjûtertype meitsje moatte. 
Nei't Java ynstallearre is kin Firefox automatysk Java-programma’s
(ek wol applets neamd) ophelje en útfiere.

JavaScript: Een skripttaal dy't faak brûkt wurdt by it meitsjen fan websiden. Programmeurs brûke

JavaScript om websiden ynteraktiver te meitsjen. JavaScript wurdt faak brûkt om
formulieren dynamysk jildich te meitsjen en knoppen te selektearjen. JavaScript kin brûkt wurde mei
Java, mar is technysk sjoen in aparte taal. Java is net nedich om JavaScript goed wurkje te litten.

Kryptografy (Cryptography): De keunst en praktyk fan it ferhutseljen (fersiferjen) en útinoar tiizjen (ûntsiferjen)

fan ynformaasje. Kryptografyske techniken wurde bygelyks brûkt om ynformaasje dy't tusken kommersjele
websteeën en Firefox streamt te ferhutseljen en útinoar te tiizjen.

Live blêdwizer (Live bookmark): In apart soarte fan blêdwizer dy't fungearret as in map om de keppelings yn in

[#feed feed] te befetsjen. Jo kinne live blêdwizers oanmeitsje troch in webstee mei in
feed te besykjen, te klikken op it Live-blêdwizerpiktogram yn de Steatbalke en
it formaat feed te selektearjen dat jo brûke wolle.

Lokaasjebalke (Location bar): It fjild (mei de dêrby hearrende knoppen) boppe yn it finster fan Firefox

dêr't jo in [#Uniform_Resource_Locator ur<x>l] of sykwurd yn type kinne.

Navigaasjewurkbalke (Navigation toolbar): De wurkbalk boppe-oan yn it finster fan Firefox dêr't de knoppen

Tebek en Foarút op steane.

Oanmelding (Authentication): It brûken fan in wachtwurd, sertifikaat, persoanlik identifikaasjenûmer

(PIN) of oare ynformaasje om in identiteit te kontrolearjen troch in
kompjûternetwurk.

PKCS #11: De standert foar iepenbiere-kaaikryptografy foar feilichheidsapparaten lykas smart cards.

Proxy: In bemiddeljend programma dat sawol as

[#server server] en as [#client client] wurket
mei as doel fersiken út namme fan oare clients út te fieren.

Secure Sockets Layer (SSL): In protokol dat it oanmelding fan wjerskanten mooglik makket tusken in [#client client] en

in [#server server] mei as doel in garandearre en befeilige ferbining op te setten
SSL draait boppe-op TCP/IP en ûnder HTTP, LDAP, IMAP, NNTP en oare netwurkprotokollen fan heech nivo.
De nije Internet Engineering Task Force (IETF) standert Transport Layer Security (TLS) is
basearre op SSL. Sjoch ek by [#authentication oanmelding (authentication)],
[#encryption Fersifering (encryption)].

Sertifikaat (Certificate): De digitale fariant fan in identiteitskaart. In sertificaat spesifisearret de namme fan in

yndividu, bedriuw of oare entiteit en jout wissichheid dat in iepenbiere kaai, dy't diel fan
it sertifikaat útmakket, echt by dy entiteit heart. As jo in berjocht of oare
ynformaasje digitaal ûndertekenje, wurdt de digitale hantekening foar dat berjocht oanmakke
mei help fan de geheime kaai dy't by de iepenbiere kaai yn jo sertifikaat heart.

Sykmasine (search engine): In op it web basearre programma dat it foar brûkers mooglik makket

spesifike ynformaasje fan it  [#World_Wide_Web World Wide Web] op te sykjen en op te heljen. De sykmasine kin
de folsleine tekst van webdokuminten of in list mei stekwurden trochsykje, of gebrûk
meitsje fan bibliotekarissen dy't webdokuminten ynspektearje en hânmjittich yndeksearje
foardat se ophelle wurde kinne. Jo kinne as brûker in wurd of (in part fan) in sin yn in 
sykfinster type en de sykmasine toant keppelings nei relevante
websiden.

Steatbalke (Status Bar): In wurkbalke dy't oan 'e ûnderkant fan elk finster fan Firefox ferskynt. Oan 'e rjochterkant toant

er steatpiktogrammen.

TLS: Sjoch [#Secure_Sockets_Layer Secure Sockets Layer (SSL)].

Transmission Control Protocol/Internet Protocol (TCP/IP): In Unix-protokol dat brûkt wurdt om kompjûters te ferbinen dêr't ûnderskate bestjoeringssystemen op draaie.

TCP/IP is in needsaaklik ynternetprotokol en is in oer de hiele wrâld brûkte standert wurden.

tsjinner: Programmatuer dy't fersiken ynkriget fan en ynformaasje

(lykas websteeën) ferstjoert nei in [#client client],
dy't gewoanwei op in oare kompjûter draait. In kompjûter dêr't
tsjinnerprogrammatuer draait wurdt ek beskreun as tsjinner.

Uniform Resource Locator (ur<x>l): It standerisearre adres dat Firefox fertelt wêr't in bestân of oare boarne op it web (bygelyks

http://www.mozilla-europe.org/nl)te finen is.
Jo kinne URL-len yn 'e Lokaasjebalke fan Firefox type om tagong te krijen ta websiden. ur<x>l-len
wurde ek brûkt yn 'e keppelings op websiden om nei oare websiden te gean. Ek bekend
as in ynternet- of webadres.

Wachtwurdbehearder (Password manager): It ûnderdiel fan Firefox dat jo helpe kin om guon of alle brûkersnammen en wachtwurden

te ûnthâlden troch se op 'e hurde skiif op te slaan en se automatysk foar jo yn te foljen alle kearen
as jo websteeën besykje dy't dêr om freegje.

Webside (web page): Ien inkeld dokumint op it World Wide Web dat oantsjut wurdt troch in unyk

adres of URL en dêr't tekst, keppelingen en ôfbyldings yn stean kinne.

Webstee: Een kloft relatearre websiden, troch keppelings ferbûn en meastal beheard troch ien

bedriuw, ien organisaasje of ien yndividu. Op in webstee kin tekst, ôfbyldings,
lûd- en fideobestannen en keppelings nei oare websteeën stean.

World Wide Web: Ek bekend as it Web. In part fan it ynternet dat bestiet út websiden

dy't opslein wurden op [#server webservers], en werjûn wurde troch
[#client clients] dy't webbrowsers neamd wurde (lykas Firefox).


[ [#glossary Tebek nei it begjin fan de ferklearjende wurdlist] ]



Auteursrjocht © 2003-2005 Meiwurkers fan it Mozilla Help Viewer Project.

These fine people helped write this article: Chris_Ilias. You can help too - find out how.