It ûndersteande oersjoch beskriuwt elk menuûnderdiel yn it haadfinster fan Firefox.
Ynhâldsopjefte
Firefox
Oer Mozilla Firefox
Jout in dialoochfinster wer mei ynformaasje oer Firefox, ynklusyf
de aktuele ferzje en in koarte list fan meiwurkers.
Foarkarren...
Jout it finster OpsjesFoarkarren wer,
dêr't jo in soad opsjesFoarkarren yn Firefox wizigje kinne.
Firefox ôfslute
Slút alle iepensteande finsters fan Firefox, ynklusyf alle aktive ynlaadaksjes,
en slút Firefox folslein ôf. As jo dit menu-elemint kieze mei iepen ljepblêden, finsters of ynlaadaksjes, sil Firefox jo freegje om jo kar te befêstigjen om by fersin sluten tefoaren te kommen. Jo kinne dy warskôging útsette troch it fekje Warskôgje by it sluten fan mear as ien ljepblêd út te finkjen yn it paniel Ljepblêden fan . Firefox sil jo ek warskôgje as jo op dat stuit bestannen ynlade.
Bestân
Nij Finster
Iepenet in nij finster fan Firefox.
Nij ljepblêd
Iepenet in nij ljepblêd yn it iepensteande finster fan Firefox.
Lokaasje iepenje...
Ferpleatst it fokus nei de URL-balke fan Firefox dat jo sadwaande in nije lokaasje dy't jo besykje wolle, yntype kinne.
Bestân iepenje...
Jout it dialoochfinster Bestân iepenje wer dêr't jo in bestân fan jo lokale
skiif of netwurk mei selektearje kinne. Yn Firefox kinne jo gâns bestânstypen iepenje, ynklusyf HTML/XML-bestannen, ôfbyldings, tekstbestannen, ensafuorthinne.
Finster slute
Slút it aktuele finster.
Ljepblêd slute
Slút it aktuele ljepblêd en selektearret it folgjende ljepblêd oan de rjochterkant. Dit menuelement is
allinnich sichtber as op dit stuit mear as ien ljepblêd fan 'e browser iepen stiet.
Side bewarje as...
Slacht de aktuele side op. Jo hawwe de mooglikheid om de hiele side (kompleet mei ôfbyldings)
op te slaan, allinnich de aktuele HTML-side of allinnich de tekst fan de side.
Keppeling ferstjoere...
Iepenet in finster fan it standert-e-mailprogramma fan jo kompjûter om in e-mail op te stellen,
dat jo sadwaande in berjocht ferstjoere kinne mei in keppeling nei de aktuele webside.
Side-ynstellings...
Jout it dialoochfinster side-ynstellings wer dêr't jo ôfdrukynstellings mei ynstelle kinne, lykas
marzjes, kop- en foetteksten en de oriïntaasje fan de side mei opjaan kinne.
Ofdrukfoarbyld
Jout in foarbyld fan hoe't de aktuele side der útsjocht as er ôfdrukt is. It toant de ynfloed
fan 'e yn it finster Side-ynstellings keazen ynstellings en de bedoelings fan de auteur fan de side.
Ofdrukke...
Jout it dialoochfinster Ofdrukke wer dêr't jo ûnder oaren it tal ôf te drukken kopyen ynjaan kinne.
Klik op OK om de side ôf te drukken.
Ymportearje...
Iepenet it dialoochfinster Ymportearassistint, dat it jo mooglik makket opsjes, blêdwizers, skiednis,
wachtwurden en oare ynformaasje fan browsers lykas Microsoft Internet Explorer, Netscape, Mozilla of Opera te ymportearjen.
Sûnder ferbining wurkje
Skeakelet oer tusken de mei-ferbining- en sûnder-ferbining-modus. Yn de sûnder-ferbining-modus kinne jo sûnder dat jo mei
it ynternet ferbûn binne, websteeën besjen dy't jo al earder besocht hawwe.
OfsluteOfslute
Slút alle iepensteande finsters yn Firefox, ynklusyf alle aktive ynlaadaksjes,
en slút Firefox folsein ôf. As jo dizze opsje kieze wylst ljepblêden, finsters iepen steane of ynlaadaksjes rinne sil Firefox jo freegje om jo kar te befêstigjen om it by fersin ôfsluten te foaren te kommen.
Jo kinne dy warskôging útsette troch it fekje
Warskôgje by it sluten fan mear as ien ljepblêd út te finkjen yn it paniel Ljepblêden fan . Firefox sil jo ek warskôgje as jo op dat stuit bestannen ynlade.
Bewurkje
Ungedien meitsje
Makket de lêste aksje yn in webformulier ûngedien. Brûk it kommando Op ' nij útfiere
as jo letter beslute dat jo in aksje net ûngedien meitsje woenen.
Op 'e nij útfiere
Fiert it kommando dat as lêste ûngedien makke is op 'e nij út.
Knippe
Knipt de selektearre tekst út in webformulier en slacht dy op it klamboerd op. Plak
de tekst op in oar plak troch it kommando Plakken te brûken.
Kopiearje
Kopiearret de selektearre tekst nei it klamboerd. Plak de tekst op in oar plak troch it
kommando Plakken te brûken.
Plakke
Plakt op it klamboerd bewarre tekst yn in tekstfjild.
Fuortsmite
Smyt de selektearre tekst út in webformulier fuort.
Alles selektearje
Selektearret alle tekst op 'e side.
Yn dizze side sykje...
Toant de sykbalke ûnder yn it finster fan de browser. Jou de
tekst dy't jo sykje wolle yn 'e wurkbalke yn en Firefox sil wylst jo type automatysk de earste oerienkomst mei de ynfierde tekst op 'e side fine en selektearje. Klik op Folgjende sykje of Foargeande sykje om de tekst op oare lokaasjes op 'e side te sykjen en klik Markearje om alle oerienkommende tekst op 'e side te markearjen.
Op 'e nij sykje
Siket nei it folgjende fynplak fan de tekst by it brûken fan it kommando
Yn dizze side sykje... opjûn is.
OpsjesFoarkarren
Jout it finster OpsjesFoarkarren wer,
dêr't jo in hiele protte opsjesFoarkarren yn Firefox wizigje kinne.
Byld
Wurkbalken
Navigaasjewurkbalke
Toant of ferberget de navigaasjewurkbalke, dy't yn gewoane tastân de
standert navigaasjeknoppen op steane (Tebek, Foarút, Ofslute, ensfh.).
Blêdwizerwurkbalke
Toant of ferberget de blêdwizerwurkbalke. Dêr stean de blêdwizers
nei allegear websites op.
Oanpasse...
Jout it dialoochfinster wer dêr't de wurkbalken mei oanpast wurden kinnen. Jo kinne wurkbalkeknoppen fan
en nei de wurkbalken slepe en pleatse. Jo kinne ek mei de rjochter mûsknopdrukke op Ctrl en op 'e navigaasjewurkbalke klikke en Oanpasse... selektearje om dit dialoochfinster te toanen.
Steatbalke
Toant of ferberget de steatbalke, dy't ûnderoan it finster te finen is.
De steatbalke jout handige ynformaasje wer oer de side, mar is net foar elkenien nedich.
Sydbalke
De sydbalke kin jo ynladen bestannen, blêdwizers of de skiednis werjaan.
Jo kinne de sydbalke altyd slute troch op de X yn 'e rjochter boppehoeke te klikken.
Blêdwizers
Jout de sydbalke Blêdwizers wer, dy't jo blêdwizers altyd sjen lit.
Dat kin handich wêze as jo de blêdwizers faak brûke.
Skiednis
Jout de sydbalke Skiednis wer, dy't byhâldt hokker websteeën jo besocht hawwe.
Kies it paniel Privacy yn om oan te jaan hoefolle dagen in webstee yn it ûnthâld stean moat.
Beëinigje
Beëiniget it laden fan 'e aktuele side dy't jo besykje. Dat is itselde as
it klikken op 'e knop Beëinigje op 'e wurkbalke.
Op 'e nij lade
Brûk dit kommando om de aktuele side te ferfarskjen of de nijste ferzje
op te heljen. Dat is itselde as it klikken op 'e knop Op 'e nij lade op 'e wurkbalke.
Tekstgrutte
As de tekst op in webside te lyts of te grut is, kinne jo dat feroarje nei in grutte dy't jo mear
nei't sin is.
Fergrutsje
Jout de tekst op 'e webside in slach grutter wer. Jo kinne dit ek mei de mûs
dwaan (sjoch Mûskombinaasjes foar ynstruksjes).
Ferlytsje
Jout de tekst op 'e webside in slach lytser wer. Jo kinne dit ek mei de mûs
dwaan (sjoch Mûskombinaasjes foar ynstruksjes).
Normaal
Jout de tekst op 'e webside yn gewoane grutte wer.
Sidestyl
Jout jo de mooglikheid in styl foar de aktuele webstee te selektearjen. Standert is
"Basis sidestyl" selektearre of it moast wêze dat de auteur in oare standertstyl opjûn hat.
Gjin styl
Rommet de stylopmaak fan de side op.
Basis sidestyl
Jout de side yn in algemiene, troch de auteur spesifisearre, styl wer.
As de auteur ekstra sidestilen spesifisearre hat, sil Firefox
dy hjir opneame dat jo sadwaande ien útkieze kinne.
Tekensetkodearring
Makket it jo mooglik om de tekenset fan in webside hânmjittich te wizigjen.
Firefox docht soks oars automatysk.
Sideboarne
Jout de boarnekoade fan it aktuele dokumint.
Folslein skerm
Jout it finster yn in folslein-skermmodus wer. As jo de navigaasjewurkbalken ferburgen
hawwe, kinne jo it finster altyd weromkrije troch op F11 te drukken.
Gean
Yn it menu Gean stiet in list mei de krekt lyn besochte websiden.
Tebek
Giet ien bledside tebek yn 'e skiednis. Itselde as klikke op 'e knop Tebek op 'e navigaasjewurkbalke.
Foarút
Giet ien side foarút yn 'e skiednis. Itselde as klikke op 'e knop
Foarút op 'e navigaasjewurkbalke.
Begjinside
Jout de begjinside wer. Dat is itselde as klikke op de
knop Begjinside op 'e navigaasjewurkbalke. Selektearje Algemien yn om de begjinside te wizigjen. Jo kinne kieze út in lege side, de aktuele side (of in kloft ljepblêden), in blêdwizer of om in hânmjittich ynfierd adres te brûken.
Skiednis
Jout de sydbalke Skiednis wer, dy't byhâldt hokker websteeën jo besocht hawwe.
Kies it paniel Privacy yn om oan te jaan hoefolle dagen in webstee yn it ûnthâld stean moat.
Blêdwizers
Yn dit menu steane alle bewarre blêdwizers.
Blêdwizer fan dizze side meitsje...
Heakket de aktuele side ta oan de samling blêdwizers. Dêrta wurdt in dialoochfinster toand
dêr't in titel foar de blêdwizer ynfierd wurde kin en dêr't yn oanjûn wurde kin yn hokker map de blêdwizer opslein wurde moat.
Blêdwizer foar alle ljepblêden meitsje...
Heakket alle ljepblêden yn it aktuele finster oan in nije blêdwizermap ta. Dêrta wurdt in dialoochfinster toand dêr't in namme foar de map ynfierd wurde kin en dêr't yn oanjûn wurde kin wêr't by bewarre wurde moat.
Blêdwizers beheare...
Toant de blêdwizerbehearder. Dat is in finster dêr't jo de blêdwizers mei beheare kinne.
Se kinne oardere, op 'e nij beneamd wurde of de eigenskippen kinne oanpast wurde. Jo kinne se hjir ek tafoegje, fuortsmite of ferpleatse.
Ekstra
Sykje op it web
Lit it fek Sykje op it web opljochtsje. No kinne jo de termen dy't jo op it web opsykje wolle yntype.
E-mail lêze
Iepenet jo e-mailprogramma om jo e-mail lêze te kinnen.
Nij berjocht...
Iepenet in finster foar it opstellen fan in berjocht yn it standert e-mailprogramma fan jo kompjûter. Sa
kinne jo in e-mailberjocht oan immen stjoere.
Ynladen bestannen
Iepenet de ynlaadbehearder, dêr't jo de aktuele en de ôfhannele ynlaadaksjes mei besjen kinne.
Utwreidings
Iepenet de útwreidingsbehearder, dêr't jo alle yn dizze ferzje fan Firefox
ynstallearre útwreidings mei besjen kinne. Jo kinne út dit dialoochfinster wei ek kieze om útwreidings fuort te smiten. Sjoch it helpûnderwerp Utwreidings, foar mear ynformaasje.
Tema’s
Iepenet de temabehearder. Hjirwei kinne jo it aktuele tema dat Firefox brûkt feroarje.
Jo kinne mei dit dialoochfinster ek tema's ynstallearje en opromje. Sjoch it helpûnderwerp Tema’s foar mear ynformaasje.
JavaScript-betsjinningspaniel
Iepenet it JavaScript-betsjinningspaniel, dêr't swierrichheden mei de JavaScript-koade yn byhâlden wurde.
JavaScript is in skripttaal dy't brûkt wurdt foar it bouwen fan websiden. Programmeurs brûke JavaScript om websteeën ynteraktiver te meitsjen; JavaScript wurdt faak brûkt om dynamysk formulieren jildich te meitsjen en knoppen te selektearjen.
Side-ynfo
Jout brede ynformaasje wer oer de aktuele webside, lykas it soarte fan
dokumint, tekenset, grutte en befeiligingsynformaasje. Dit dialoochfinster jout ek listen mei de op 'e side brûkte media en keppelings wer.
Privee-ynformaasje opskjinje...
Rommet de ynformaasje op dy't selektearre is yn it
dialoochfinster Privee-ynformaasje opskjinje Privacy fan . Jout standert in dialoochfinster foar befêstiging.
OpsjesFoarkarren
Jout it finster OpsjesFoarkarren wer,
dêr't jo in hiel soad opsjesFoarkarren yn Firefox mei wizigje kinne.
Finster
Minimalisearje
Minimalisearret it aktuele finster.
Zoom
Fergruttet of jout it aktuele finster de eardere grutte.
(Iepen finsters)
Dit menu jout alle iepensteande finsters mei harren titel wer.
Help
Helpynhâld
Iepenet it finster Firefox Help, dat handige ynformaasje befettet
dy't jo helpe kin by it sneupen op it web.
Foar Internet Explorer-brûkers
Iepenet it Helpfinster mei ynformaasje om brûkers fan Internet
Explorer te helpen mei it oerstappen nei Firefox.
Utjefte-opmerkings
Jout ynformaasje oer it ynstallearjen, de-ynstallearjen
en konfigurearjen fan Firefox, en ek oare wichtich ynformaasje in resinte oankundigings. Hjir is in aktive ynternetferbining foar nedich.
Stikken webstee rapportearje...
Jout jo de mooglikheid om websteeën dy't net goed wurkje yn Firefox oan de Firefox-ûntwikkelders te rapportearjen.
Kontrolearje op updates...
Giet nei oft der ek updates foar Firefox en jo útwreidings binne. As dy der binne, sil Firefox
in list toane en kinne jo de updates útsykje dy't jo ynstallearje wolle.
Firefox oanrikkemandearje
Iepenet in webside dy't jo ynformaasje jout oer hoe't jo Firefox
oanrikkemandearje kinne.
Oer Firefox
Jout in dialoochfinster wer mei ynformaasje oer Firefox, ynklusyf
de aktuele ferzje en in koarte list mei meiwurkers.
Auteursrjocht © 2003-2005 Meiwurkers fan it Mozilla Help Viewer Projekt.