Порівняти редакції

Firefox brûke

Редакція 1288:

Редакція 1288, користувача Fjoerfoks,

Редакція 135928:

Редакція 135928, користувача Fjoerfoks,

Ключові слова:

Результати пошуку:

Dit artikel beskriuwt de basisfunksjes fan Firefox - blêdwizers, ljepblêden, sykje, add-ons, ensfh. Ek ferwiist it nei oare artikelen dy't jo besjen kinne.

Вміст:

<!-- Contributors: R.J. Keller <rlk@trfenv.com> (original author) Nilson Cain (nilson@gmail.com) Martijn Ras <Martijn.Ras@Cable4U.nl> (Vertaald op 10 oktober 2004, bijgewerkt op 8 november 2004) Hendrik Maryns <hendrik.maryns@student.kuleuven.ac.be. (Bijgewerkt 21 juni 2005) Hindrik Sijens <truijentink@filternet.nl> (Fryske oersetting 3 jannewaris 2006) --> Wolkom by Mozilla Firefox! Mozilla Firefox is in browser foar it ynternet dy't jo brûke kinne om mei op websteeën te sjen en om mei op it ynternet te sneupen __TOC__ = Websteeën besykje = == Jo begjinside besjen == Wannear't jo mei Firefox út ein sette, komt de begjinside foar. Standert sille jo de begjinside fan Firefox sjen. '''Tips''': * Jo kinne de ynstelling Folslein skerm brûke om mear ynhâld op it skerm wer te jaan. De ynstelling Folslein skerm foeget de arkbalken fan Firefox gear ta in beheinde arkbalke. Kies gewoan {menu Byld > Folslein skerm} of druk op {key F11}, om de ynstelling Folslein skerm yn te skeakeljen. * Druk op {for win,linux}{key Alt}{/for}{for mac}{key Opt}{/for}+{key Home}, om fluch nei jo begjinside te gean. == '''Nei in oare webstee gean''' == Jo kinne nei in nije webstee gean troch it ynternetadres of de URL dêrfan yn te typen. URL's begjinne meastal mei "http://" folge fan ien of mear nammen dy't it adres ydentifisearje. In foarbyld is "http://www.mozilla.com". # Klik op 'e Lokaasjebalke en kies de URL dy't der al stiet. # Typ de URL fan 'e westee yn dêr't jo op sjen wolle. De URL dy't jo yntype ferfangt alle tekst dy't al yn de Lokaasjebalke stiet. # Druk op {for win,linux}{key Enter}{/for}{for mac}{key Return}{/for}. '''Tip:'''Druk op {for win,linux}{key Ctrl}{/for}{for mac}{key Cmd}{/for}+{key L}, om fluch de URL yn 'e Lokaasjebalke te selektearjen. '''Witte jo de URL net'''? Besykje dan in spesifyk wurd foar dy side yn de lokaasjebalke te typen en druk op {for win,linux}{key Enter}{/for}{for mac}{key Return}{/for}. Sa wurde jo nei it bêste resultaat foar dy term yn Google brocht. == Op in keppeling klikke == De measte websteeën befetsje keppelings dêr't jo op klikke kinne, om sa nei in oare side te gean. # Sko mei de mûsoanwizer oant dy feroaret yn in wizende finger. Dat bart hieltyd as de oanwizer oer in keppeling beweecht. De measte keppelings binne ûnderstreke tekst, mar knoppen en ôfbyldings kinne ek keppelings wêze. # Klik ien kear op 'e keppeling. Wylst it netwurk de side, dy't by de keppeling heart, opsiket, ferskine steatberjochten ûnderyn it skerm. == Stappen tebek gean == Der binne mear mooglikheden om siden nochris te besykjen: * Klik op 'e knop ''Tebek'' of ''Foarút'' om ien side tebek of foarút te gean. * Klik op 'e lytse trijehoekjes neist de knoppen ''Tebek'' en ''Foarút'' om mear as ien side tebek of foarút te gean. Jo komme in list te sjen mei siden dy't jo koart lyn besocht hawwe; kies in side út dy list om dêr wer hinne te gean. * Klik op 'e pylk oan 'e rjochterkant fan 'e Lokaasjebalke om in list te besjen fan adressen dy't jo yn 'e Lokaasjebalke yntypt hawwe. Kies in side út dy list om te besjen.<br/> <br/> * Iepenje it menu Gean en brûk de list yn it ûnderste part fan it menu om in side te kiezen dy't jo yn 'e aktuele sesje besocht hawwe. * Iepenje it menu ''Gean'' en kies ''Skiednis'', om te kiezen út siden dy't jo yn 'e lêste sesjes besocht hawwe. De sydbalke Skiednis komt foar it ljocht. De sydbalke Skiednis jout in list mei mappen wer. Troch te dûbeldklikken op dy mappen komme ûndermappen of blêdwizers nei websteeën foar it ljocht. Jo kinne op de URL neis it blêdwizerpiktogram dûbeldklikke om dy siden te besjen. == Beëinigje en Op 'e nij lade == Klik op 'e knop ''Beëinigje'', as in side te stadich laadt of as jo dy side net langer besjen wolle. Klik op 'e knop ''Op 'e nij lade'' of druk op {for win,linux}{key Ctrl}{/for}{for mac}{key Cmd}{/for}+{key Shift}+{key R} om de aktuele side te ferfarskjen of om de meast resinte ferzje te krijen. == Navigearje mei ljepblêden == As jo mear as ien webside tagelyk besykje, kinne jo Navigearje mei ljepblêden brûke om flugger en makliker tusken websteeën te wikseljen. Mei navigearje mei ljepblêden kinne jo ljepblêden iepenje yn ien inkeld finster fan Firefox. Elk fan dy ljepblêden jout in webstee wer. Jo hoege jo net in hiele rist finsters te iepenjen om mear websteeën te besjen. Dat besparret romte op jo buroblêd. Jo kinne maklik websteeën iepenje, slute en fernije op ien plak sûnder fan it iene nei it oare finster ljeppe te moatten. Sjoch by [[Sneupje mei ljepblêden|Navigearje mei ljepblêden]] foar mear ynformaasje. == De Sydbalke brûke == De sydbalke is it part oan de linkerkant fan it skerm dat jo brûke kinne om blêdwizers of skiednis mei te besjen. Mei útwreidings kinne jo nije mooglikheden taheakje om 'e sydbalke te brûken. Kies {menu Byld > Sydbalke} om de mooglike ûnderdielen fan de Sydbalke te besjen. Dêrwei kinne jo de sydbalkefunksje kieze dy't jo brûke wolle. = Sykje = == It web trochsykje == It Sykjen nei websteeën oer in beskaat ûnderwerp is hiel maklik en kin troch it typen fan in pear wurden yn de Sykbalke fan Firefox, lykas hjirûnder te sjen is: <br/> As jo bygelyks ynformaasje sykje oer de ''Fryske Akademy'': # Klik yn 'e Sykbalke. # Typ de wurden {key Fryske Akademy} yn. Wat jo type ferfangt alle tekst dy't op dit stuit yn 'e sykbalke stiet. # Druk op {for win,linux}{key Enter}{/for}{for mac}{key Return}{/for} om te sykjen. Sykresultaten foar "Fryske Akademy" ferskine yn it finster fan Firefox. '''Tip:''' Jo kinne op it Sykmasine-piktogram klikke om in oare sykmasine te kiezen. Jo kinne ek wikselje tusken ynstallearre sykmasinen mei {for win,linux}{key Ctrl}{/for}{for mac}{key Cmd}{/for}+{key Pylkje omheech} en {for win,linux}{key Ctrl}{/for}{for mac}{key Cmd}{/for}+{key Pylkje omleech}. Guon sykmasinen sykje oer it hiele web, lykas Google; oaren yn in spesifyk webstee, lykas Amazon.com. Kies '' Sykmasinen tafoegje...'' om oare sykmasinen te ynstallearjen. == Sykje om yn in webstee selektearre wurden == Firefox makket it jo mooglik om te sykjen om wurden dy't jo yn in webstee selektearje: # Selektearje wurden yn in webstee. # {for win,linux}Rjochtsklik {/for}{for mac}Druk op {for win,linux}{key Ctrl}{/for}{for mac}{key Cmd}{/for} en klik op 'e mûsknop{/for} en kies "Op it web sykje nei [jo selektearre wurd(en)]" út it menu. Firefox iepenet in nij ljepblêd en brûkt jo standert sykmasine om jo selektearre wurden te sykjen. == Sykje yn in side == Om tekst te sykjen yn 'e side dy't jo op dit stuit besjogge yn Firefox: # Selektearje {menu Bewurkje > Op dizze side sykje}. As de aktuele side dielfinsters befettet, moatte jo mooglik yn in dielfinster klikke ear't jo mei de syktocht begjinne. Der komt no in nije wurkbalke oan 'e ûnderkant fan jo browser foar it ljocht. # Typ de tekst dêr't jo om sykje wolle yn. # Kies út de folgjende sykmooglikheden: ** '''Folgjende sykje''': sykje tekst op 'e side dy't foarby de posysje fan de kursor is. ** '''Foarige sykje''': sykje tekst op 'e side dy't foar de posysje fan de kursor is. ** '''Markearje''': markearje oerienkomsten mei jo sykterm op de aktuele side. ** '''Haafdlettergefoelich''': behein it sykjen ta tekst dy't folslein oerienkomt mei it wurd dat jo yntypt hawwe (ynklusyf haad- en lytse letters). # It sykjen begjint fansels wannear't eat yn it tekstfjild typt wurdt. Om itselde wurd of itselde patroan op 'e nij te sykjen: * Selektearje {menu Bewurkje > Op 'e nij sykje}. = Siden kopiearje, bewarje en ôfdrukke = == In part fan in side kopiearje == Om tekst fan in side te kopiearjen: # Selektearje de tekst. # Selektearje {menu Bewurkje > Kopiearje} út de Menubalke. Jo kinne de tekst yn oare programma’s plakke. Om in keppeling (URL) of een ôfbyldingskeppeling fan in side te kopiearjen: # Set de mûsoanwizer op de keppeling of de ôfbylding. # {for win,linux}Rjochtsklik{/for}{for mac}Druk op {for win,linux}{key Ctrl}{/for}{for mac}{key Cmd}{/for} en klik{/for} op de keppeling of ôfbylding om yn in kontekstmenu wer te jaan. # Kies Keppelingslokaasje kopiearje of ôfbyldingslokaasje kopiearje. As in ôfbylding ek in keppeling is, kinne jo kieze út beide opsjes. Jo kinne de keppeling yn oare programmas of yn 'e Lokaasjebalke fan Firefox plakke. == Alles of in part fan in side bewarje == Om in hiele side yn Firefox te bewarjen: # Selektearje {menu Bestân > Side bewarje as}. Jo krije it dialoochfinster Bewarje as te sjen. # Kies in plak dêr't jo de side bewarje wolle. # Kies in formaat dêr't jo de side yn bewarje wolle: ** '''Webstee, folslein''': Bewarje de hiele side, mei alle ôfbyldings. Dizze mooglikheid stelt jo yn steat om him te besjen lykas er oarspronklik te sjen wie, mar mooglik is de HTML-keppelingsstruktuer fan 'e oarspronklike side net bewarre. Op it plak dêr't it bewarre wurdt, pleatst Firefox in nije map om de foar it sjenlitten fan de hiele side nedige ôfbyldings en oare bestannen yn op te slaan. ** '''Webstee, allinnich HTML''': Bewarje de oarspronklike side sûnder ôfbyldings. Dizze kar bewarret de oarspronklike HTML-keppelingsstruktuer yn in bestân. ** '''Tekstbestân''': Bewarje de oarspronklike side as in tekstbestân. Dizze mooglikheid bewarret de oarspronklike HTML-keppelingsstruktuer net, mar makket it mooglik om in tekstferzje fan in webstee yn elke tekstferwurker te besjen. # Typ in bestânsnamme foar de side en klik op ''Bewarje''. Om in dielfinster út in webstee te bewarjen: # Set de mûsoanwizer earne yn it dielfinster. # {for mac}Druk op {for win,linux}{key Ctrl}{/for}{for mac}{key Cmd}{/for} en klik mei de mûsknop{/for}{for win,linux}Klik mei de rjochtermûsknop{/for} op it dielfinster om in kontekstmenu wer te jaan. # Selektearje {menu Dit dielfinster > Dielfinster bewarje as} út it submenu. Jo krije it dialoochfinster Bewarje as te sjen. # Kies in plak dêr't jo de side bewarje wolle. # Kies in formaat dêr't jo de side yn bewarje wolle. # Typ in bestânsnamme foar de side yn en klik op ''Bewarje''. In side op jo hurde skiif bewarje makket it jo mooglik om in side te besjen wannear't jo net mei it ynternet ferbûn binne. Om in ôfbylding fan in side te bewarjen: # Set de mûsoanwizer op 'e ôfbylding. # {for win,linux}Rjochtsklik{/for}{for mac}Druk op {for win,linux}{key Ctrl}{/for}{for mac}{key Cmd}{/for} en klik op de mûsknop{/for} op 'e ôfbylding om in kontekstmenu wer te jaan. # Kies {menu Ofbylding bewarje as}. Jo krije it dialoochfinster Ofbylding bewarje te sjen. # Kies in plak dêr't jo de ôfbylding bewarje wolle. # Typ in bestânsnamme foar de ôfbylding yn en klik op ''Bewarje''. Om in side te bewarjen sûnder dy wer te jaan (wat handich is foar it opheljen fan in net opmakke side dy't net bedoeld is om te besjen): # Set de mûsoanwizer op de keppeling nei de side. # {for win,linux}Rjochtsklik{/for}{for mac}Druk op {for win,linux}{key Ctrl}{/for}{for mac}{key Cmd}{/for} en klik op de mûsknop{/for} op de keppeling om in kontekstmenu wer te jaan. # Kies {menu Keppeling bewarje as}. Jo krije it dialoochfinster Bewarje as te sjen. # Kies in plak dêr't jo de side bewarje wolle. # Typ in bestânsnamme yn foar de side en klik op ''Bewarje''. '''Wichtich''': Guon keppelings helje út harsels bestannen op en bewarje dy op jo hurde skiif, nei't jo derop klikt hawwe. De URL's fan dy keppelingen begjinne fan mei "ftp" of geane út op in taheaksel fan in bestânstype lykas "au" of "mpeg." Sokke keppelings kinne programmas, lûds- of filmbestannen oerdrage en kinne helptapassing útfiere dy't dy bestannen stypje. '''Tip''': {for win,linux}Rjochtsklik{/for}{for mac} Druk {key Ctrl} en klik{/for} op in ôfbylding en kies ''As eftergrûn ynstelle'' út it kontekstmenu om de ôfbylding as eftergrûn fan jo Windows buroblêd yn te stellen. == In side ôfdrukke == Om de aktuele side ôf te drukken: * Kies {menu Bestân > Ofdrukke}. Om selektearre tekst ôf te drukken: * Selektearje de tekst yn de aktuele side. * Selektearje {menu Bestân > Ofdrukke}. It dialoochfinster Ofdrukke komt foar it ljocht. * Klik ûnder ''Ofdrukberik'' op ''Seleksje''. De grutte fan 'e 6of te drukken side en de auteur fan de webstee, en net de grutte fan it finster op it skerm beskiede it pleatsen fan de ynhâld fan de ôfdrukte side. De tekst wurdt ôfbrutsen en de ôfbyldings pleatst al neffens it formaat fan it papier. == Ofdrukfoarbyld brûke == Om foarôf te sjen hoe't in side derút sjen sil ear't er ôfdrukt wurdt, kinne jo Ofdrukfoarbyld brûke: * Kies {menu Bestân > Ofdrukfoarbyld}. Yn Ofdrukfoarbyld kinne jo it folgjende dwaan mei siden dy't jo ôfdrukke wolle: * '''Besjoch in foarbyld fan elke side''': Klik op 'e knop Folgjende, Foarige ,Earste, of Lêste om fan side te wikseljen. * '''Feroarje de skaal (grutte) fan de siden''': Kies yn it útklapmenu ''Skaal'' bygelyks "50%" om elke side heal sa grut as de oarspronklike side te meitsjen. Kies "Ferlytsje ta papierformaat" om de grutte fan de siden automatysk oan te passen dat se sa op de breedte fan it papier passe. Jo kinne ek in eigen persintaazje ynjaan troch "Oanpast..." te kiezen. * '''Feroarje de oriïntaasje fan de side''': Kies ''Steand'' om de side sa te pleatsen dat de koarte kant boppe komt. Kies ''Lizzend'' om de side sa te pleatsen dat de lange kant boppe komt. * '''Gean nei Side-ynstellings''': Klik op ''Side-ynstellings...'' om siden dy't jo ôfdrukke wolle fierder oan te passen. * '''Gean nei Ofdrukke''': Klik op ''Ofdrukke'' om de siden ôf te drukken. '''Opmerking''': Guon funksjes fan Ofdrukfoarbyld binne oars of net beskikber ûnder Mac OS en Linux. == Side-ynstellings brûke == '''Opmerking''': Guon funksjes fan Side-ynstelling binne oars of net beskikber ûnder Mac OS of Linux. Om oan te passen hoe't siden ôfdrukt wurde yn Firefox, kinne jo side-ynstellings brûke: * Kies {menu Bestân > Side-ynstellings}. Yn Side-ynstellings kinne jo de folgjende ynstellings wizigje foar siden dy't jo ôfdrukke wolle: * '''Formaat & opsjes''': Kies de oriïntaasje, skaal en oare opsjes: ** '''Oriïntaasje''': *** '''Steand''': Kies dit om de side normaal te pleatsen, mei de koarte kant boppe. *** '''Lizzend''': Kies dit om de side lizzend te pleatsen, mei de lange kant boppe. ** '''Skaal''': Typ in persintaazje fan de oarspronklike grutte yn. Typ bygelyks "50" yn om elke side heal sa grut as de oarspronklike side te meitsjen. *** '''Ferlytsje oant papierformaat''': Kies dizze opsje om de side automatysk oan te passen oan de breedte fan it papier. ** '''Opsjes''': *** '''Eftergrûn ôfdrukke (kleuren en ôfbyldings)''': Kies dizze opsje om de eftergrûnôfbyldings en kleuren ôf te drukken. As dizze opsje net keazen is, wurde allinnich ôfbyldings en kleuren op 'e foargrûn ôfdrukt. ** '''Marzjes & kop-/foetteksten''': Klik op dit ljepblêd om marzjes, kop- en foetteksten yn te stellen: * '''Marzjes:''' ** '''Boppekant, ûnderkant, links, rjochts''': Jou in marzje oan yn beskikbere ienheden foar de marzjes oan de boppekant, ûnderkant, links en rjochts. * '''Kop- & foetteksten''': Elke karlist represintearret in gebiet fan in kop- of foettekst. De boppeste rige karlisten is foar de linker-, midden en rjochtergebieten fan de kopteksten. De ûnderste rige is foar de linker-, midden- en rjochtergebieten fan de foetteksten. Kies ien fan de folgjende opsjes yn elke karlist: ** '''--blanko--''': Toan neat yn dit gebiet. ** '''Titel''': Toan de titel fan de webside. ** '''URL''': Toan de URL fan de webstee (URL's begjinne trochstrings mei "http://"). ** '''Datum/Tiid''': Toan de datum en tiid wannear't de webstee ôfdrukt is. ** '''Side #''': Toan it sidenûmer fan elke side. ** '''Side # fan #''': Toan it sidenûmer mei it folsleine tal siden. As jo bygelyks in webside fan 5 siden ôfdrukke, sil "3 fan 5" op 'e tredde side stean. ** '''Oanpast''': Typ jo eigen tekst. Jo kinne elk fan 'e ûndersteande koades ynfoegje om spesifike ynformaasje ôf te drukken: *** '''&PT''': Sidenûmer mei totaal (foarbyld: "3 fan 5") *** '''&P''': Sidenûmer *** '''&D''': Datum *** '''&U''': URL *** '''&T''': Sidetitel '''Tip''': Brûk [[using_firebird-fy-NL#using_print_preview|Ofdrukfoarbyld]] om in foarbyld fan de wizigings yn 'e sideynstellings te besjen. = Faasje en effisjinsje ferbetterje = == Underskate bestânstypen beheare == Firefox kin him mei gâns bestânstypen rêde. Mar foar guon bestannen, lykas films en audio, hat Firefox ynstekkers of helptapassings nedich dy't mei dy bestannen rêde. As Firefox net oer de nedige helptapassing of ynstekker beskikt, kin er noch altyd it bestân op de hurde skiif opslaan. Jo kinne gebrûk meitsje fan de ynlaadbehearder om oerhelle bestannen te folgjen. Ynstekkers binne helptappassings dy't de funksjonaliteit fan Firefox útwreidzje en dêryn útfierd wurde. Ynstekkers lykas Sun Java, Macromedia Flash en RealNetworks RealPlayer jouwe Firefox de mooglikheid om multymediabestannen te besjen en lytse tapassings lykas films, animaasje en spultsjes út te fieren. Jo kinne gongbere ynstekkers op de [https://pfs.mozilla.org/plugins/ Ynstekkersside] fan Mozilla Update fine. Wannear't bestannen net yn Firefox iepene wurde kinne, hawwe jo de mooglikheid om dy mei programma's bûten Firefox te iepenjen. Jo kinne bygelyks jo favorite mediaspiler brûke om MP3-bestannen ôf te spyljen. Yn it dialoochfinster ''Ynladen bestannen'' fan Ekstra kinne jo regelje hoe't Firefox omgean moat mei bestannen dy't er net sjen litte kin. Kies {for win}{menu Ekstra > Opsjes}{/for}{for linux}{menu Ekstra > Foarkarren}{/for}{for mac}{menu Firefox > Foarkarren}{/for}, iepenje it paniel ''Ynladen bestannen'' en klik op de knop ''aksjes sjen litte & bewurkje'' om dit finster te iepenjen. Jo kinne hjir de aksje foar in bestânstype bewurkje of fuortsmite. Mear ynformaasje oer dit dialoochfinster fine jo yn de hjirby hearrende seksje yn [[Opsjes#download_actions| Ynlaad{for win}opsjes{/for}{for mac,linux}Foarkarren{/for}]]. As jo op in bestân klikke en Firefox net wit wat er dermei oan moat, wurdt in dialoochfinster ''Iepenje'' toand, mei de folgjende mooglikheden: * '''Iepenje mei''': Firefox iepenet it bestân mei it standertprogramma út jo systeemynstellings. Jo kinne ek in oar programma kieze troch foar ''Oars...'' te kiezen yn it útklapmenu. * '''Op skiif bewarje''': Firefox jout jo de mooglikheid om in plak te kiezen om it bestân te bewarjen. As jo ''Alle bestannen yn dizze map bewarje'' keazen hawwe yn it paniel ''Ynladen bestannen'' fan {for win}Opsjes{/for}{for mac,linux}Foarkarren{/for}, sil it bestân automatysk yn 'e standertmap opslein wurde. * '''Dit fan no ôf automatysk dwaan foar dit soarte bestannen''': Wannear't dat keazen is, sil Firefox in oare kear út himsels deselde aksje útfiere as in bestân fan dat type ynladen wurdt '''Tip''': Jo kinne de {for win}opsjes{/for}{for mac,linux}Foarkarren{/for} dy't opslein binne foar ''Dit fan no ôf automatysk dwaan foar dit soarte bestannen'' wiskje yn it paniel ''Ynladen bestannen'' fan Opsjes. == Firefox as == standertbrowser ynstelle Firefox toant websteeën op it ynternet en op jo kompjûter. Om maklik websteeën te iepenjen, kinne jo Firefox as jo standertbrowser ynstelle. Kies {for win}{menu Ekstra > Opsjes}{/for}{for linux}{menu Ekstra > Foarkarren}{/for}{for mac}{menu Firefox > Foarkarren}{/for} en klik de knop ''No kontrolearje'' yn it paniel Algemien om fan Firefox jo standertbrowser te meitsjen. == Bufferynstellings feroarje == Firefox slacht kopyen fan faak besochte siden op yn in buffer. Sadwaande hoecht Firefox de side net hieltyd wer as jo de webstee besjogge fan it netwurk op te heljen. Om de grutte fan 'e buffer yn te stellen of om dy te leegjen: # Kies {for win}{menu Ekstra > Opsjes}{/for}{for linux}{menu Ekstra > Foarkarren}{/for}{for mac}{menu Firefox > Foarkarren}{/for}. # Klik op it ljepblêd ''Buffer'' ûnder it paniel ''Privacy''. # Jou in nûmer yn it fjild ''Brûk oant'' om de grutte fan de buffer op te jaan. 50MB oant 70MB is een goede grutte. Klik op de knop ''Buffer no leechmeitsje'' oan de rjochterant fan de kategory ''Buffer'' om de buffer fuortdaliks te leegjen. '''Wichtich''': In gruttere buffer makket dat mear ynformaasje fluch oerhelle wurde kin, mar brûkt mear romte fan jo hurde skiif. As jo Firefox ôflslute wurdt der ûnderhâld oan de buffer útfierd. Besykje de grutte fan de buffer lytser te meitsjen as de tiid dat it ûnderhâld duorret jo langernôch is. Klik wannear't jo mar wolle op de knop ''Op 'e nij lade'' yn de ''Navigaasjewurkbalke'' fan Firefox om de side op 'e nij te laden. Firefox sil dan de lêste ferzje fan de side lade en sjen litte. Auteursrjocht © 2003-2006 Meiwurkers fan it Mozilla Help Viewer Project.
Wolkom by Firefox! Hjir wurde alle basishannelingen útlein om jo op wei te helpen. As jo oan oare as basale saken ta binne, besjoch dan de oare keppelingen foar funksjes dy't jo letter ûntdekke kinne. __TOC__ = Jo startside ynstelle of wizigje = ''Kies de side dy't iepene wurdt wannear't jo Firefox starte of op de knop Startside klikke.'' <!-- TO LOCALIZE THE CAPTIONS FOR THIS VIDEO, SEE https://support.mozilla.org/en-US/kb/localize-a-support-video#w_localize-video-caption-files --> [[Video:http://youtu.be/Nnu0A-jIh-U]] # Iepenje in ljepblêd mei dêryn de webside dy't jo as startside brûke wolle. # Sleep dat ljepblêd nei de knop Startside [[Image:Home Button]]. #;{for win}[[Image:Home Page 29 - Win8]]{/for}{for mac}[[Image:Home Page 29 - Mac]]{/for}{for linux}[[Image:Home Page 29 - Linux]]{/for} # Klik op {button Ja} om hjirfan jo startside te meitsjen. Mear opsjes kinne jo fine yn it artikel [[How to set the home page]]. = Sykje op it web = ''Kies jo favorite sykmasine mei Firefox’ ynboude sykbalke.'' * Begjin ienfâldichwei mei typen yn de sykbalke en kies de winske sykmasine. *;[[Image:quick search fx34]] Untdek mear syktrúks mei help fan it artikel [[Search bar - Easily choose your favorite search engine]]. = In blêdwizer foar in website meitsje = ''Bewarje jo favorite websites op.'' <!-- TO LOCALIZE THE CAPTIONS FOR THIS VIDEO, SEE https://support.mozilla.org/en-US/kb/localize-a-support-video#w_localize-video-caption-files --> [[Video:http://youtu.be/F3uMpJ0YzqM]] * Om in blêdwizer te meitsjen, klikke jo op it stjerke yn de arkbalke. It stjerke wurdt blau, en foar de side wêrop jo jo befine wurdt in blêdwizer oanmakke yn de map {for not fx48}Net sortearre blêdwizers{/for}{for fx48}Oare blêdwizers{/for}. Dat is alles! *;{for win}[[Image:Bookmark 29 Win]]{/for}{for mac}[[Image:Bookmark 29 Mac]]{/for}{for linux}[[Image:Bookmark 29 Lin]]{/for} {note}'''Tip:''' sleep in ljepblêd streeksrjocht nei jo [[Create bookmarks to save your favorite webpages#w_hoe-zet-ik-de-bladwijzerwerkbalk-aan|bladwijzerwerkbalk]] om it dêr te bewarjen. {/note} Sjoch foar mear ynformaasje it artikel [[Create bookmarks to save your favorite webpages]]. = Alles fine mei de Awesome bar = ''Wy neame de adresbalke fan Firefox graach de ‘Awesome bar’ (‘bjusterbaarlike balk’), omdat dizze fluch plakken dy't jo earder besocht hawwe fine kin.'' <!-- TO LOCALIZE THE CAPTIONS FOR THIS VIDEO, SEE https://support.mozilla.org/en-US/kb/localize-a-support-video#w_localize-video-caption-files --> [[Video:http://youtu.be/U7stmWKvk64]] * Begjin mei typen yn de adresbalkwe en jo sjogge in list fan siden út jo navigaasjeskiednis en blêdwizers. Sa gau jo de winske side sjogge, klikke jo derop. *;{for win}[[Image:Bookmark3 29 Win]]{/for}{for mac}[[Image:Bookmark3 29 Mac]]{/for}{for linux}[[Image:Bookmark3 29 Lin]]{/for} {note}'''Tip:''' jo kinne fan hjir út ek in websykopdracht starte. Probearje it mar ris.{/note} Sjoch foar mear trúks it artikel [[Search your bookmarks, history and tabs with the Awesome Bar]]. = Priveenavigaasje = ''Fia Firefox’ priveenavigaasjefunksje kinne jo op hit ynternet sneupje sûnder ienige gegevens oer hokker websites en siden jo besocht hawwe op jo kompjûter te bewarjen.'' <!-- TO LOCALIZE THE CAPTIONS FOR THIS VIDEO, SEE https://support.mozilla.org/en-US/kb/localize-a-support-video#w_localize-video-caption-files --> [[Video:http://youtu.be/r3s-zDwLjb0]] *Klik op de menuknop [[Image:New Fx Menu]] en klik dêrnei op {button Nij priveefinster}. *;{for winxp}[[Image:private browsing - fx29 - winxp]]{/for}{for win7,win8,win10}[[Image:private browsing - fx29 - win8]]{/for}{for mac}[[Image:private browsing - fx29 - mac]]{/for}{for linux}[[Image:private browsing - fx29 - linux]]{/for} Lês mear oer de wurking fan [[Private Browsing - Browse the web without saving information about the sites you visit|Privénavigatie]]. = It menu of de arkbalke oanpasse = ''Jo kinne de items dy't yn it menu of op jo arkbalke ferskine wizigje.'' <!-- TO LOCALIZE THE CAPTIONS FOR THIS VIDEO, SEE https://support.mozilla.org/en-US/kb/localize-a-support-video#w_localize-video-caption-files --> [[Video:http://youtu.be/94tAqUObEfc]] #Klik op de menuknop [[Image:new fx menu]] en kies {button Oanpasse}. #*Der ferskynt in spesjaal ljepblêd wêrmei jo items fan of nei it menu en de arkbalke sleepje kinne. #;[[Image:Customize Fx 29 Win8]] #As jo klear binne, klikke jo op de griene knop {button Oanpassen ôfslute}. Lês mear oer [[Customize Firefox controls, buttons and toolbars|het aanpassen van Firefox]]. = Funksjes oan Firefox tafoegje mei add-ons = ''Add-ons binne lytse apps dy't jo ynstallearje kinne om Firefox hielendal nei jo hân te setten.'' {for not fx48} <!-- TO LOCALIZE THE CAPTIONS FOR THIS VIDEO, SEE https://support.mozilla.org/en-US/kb/localize-a-support-video#w_localize-video-caption-files --> [[Video:http://youtu.be/i4y_CeifV2s]] # [[T:Open Add-ons|type=Add-ons verkrijgen]] # Foar mear ynformaasje oer in oanrekommandearre add-on of tema klikke jo derop. Dêrnei kinne jo op de griene knop {button Tafoegje oan Firefox} klikke om dizze te ynstallearjen. #*Jo kinne ek nei spesifike add-ons sykje troch it sykfjild boppe-oan te brûken. Dêrnei kinne jo fûne add-ons ynstallearje mei de knop {button Ynstallearje}. #*;{for win}[[Image:Addon1 29 Win]][[Image:Addon2 29 Win]]{/for}{for mac}[[Image:Addon1 29 Mac]][[Image:Addon2 29 Mac]]{/for}{for linux}[[Image:Addon1 29 Lin]][[Image:Addon2 29 Lin]]{/for} #Firefox sil de frege add-on downloade en jo freegje te befêstigjen dat jo dizze ynstallearje wolle. # Klik op {button No opnij starte} as dit ferskynt. Jo ljepblêden sille bewarre wurde en nei it opnij starten weromset wurde. {/for} {for fx48} # [[T:Open Add-ons|type=Add-ons verkrijgen]] # Om in oanrekommandearre add-on te ynstallearjen, klikke jo op de griene omskeakelknop, dy't dan grien wurde sil. Om in add-on dy't jo krekt ynstallearre hawwe fuort te smiten, klikke jo nochris op de omskeakelknop. #*;{for win,mac}[[Image:Fx48-GetAddons]]{/for}{for linux}[[Image:Fx48-GetAddons-Linux]]{/for} Oan de ûnderkant fan de list mei oanrekommandearre add-ons stiet in knop {button Besjoch mear add-ons!} wêrop jo klikke kinne. Hjirtroch wurde jo nei addons.mozilla.org brocht, wêr't jo nei spesifike add-ons sykje kinne. {/for} Lês foar mear ynfo oer add-ons it artikel [[Find and install add-ons to add features to Firefox]]. {note}'''Tip:''' guon add-ons pleatse nei de ynstallaasje in knop yn de arkbalke. Jo kinne dizze fuortsmite of mooglikerwiis nei it menu ferpleatse – sjoch [[Customize Firefox controls, buttons and toolbars]].{/note} = Jo Firefox syngroan hâlde = ''Benaderje jo blêdwizers, skiednis, wachtwurden en mear fan oare apparaten ôf.'' <!-- TO LOCALIZE THE CAPTIONS FOR THIS VIDEO, SEE https://support.mozilla.org/en-US/kb/localize-a-support-video#w_localize-video-caption-files --> [[Video:http://youtu.be/wSVJrWzoq7E]] #Meitsje earst in Firefox-account oan: #*Klik op de menuknop [[Image:New Fx Menu]], kies {button Oanmelde by Sync} en folgje de ynstruksjes om jo account oan te meitsjen. #;[[Image:Sync 29]] #Meld jo dêrnei oan om in oar apparaat te ferbinen. Foar detaillearre ynstruksjes, sjoch [[How do I set up Firefox Sync?]] = Help krije = ''As jo mear fragen of ea help mei Firefox nedich hawwe, sitte jo op de goede website.'' *[/products/firefox Deze website] befettet hûnderten artikelen dy't praktysk alle mooglike fragen oer Firefox beäntwurdzje kinne. ;[[Image:Get Help|link=/products/firefox]]<!-- TEXT VERSION OF THE BUTTON {button [/products/firefox Help krije]} --> [[Template:top5afterword]]

Назад до історії