Opsjesskerm - Privacy paniel | Hoe moat ik

Opsjesskerm - Privacy paniel

Dit dokumint leit alles út oer de opsjesfoarkarren beskikber yn it Privacypaniel fan it OpsjesFoarkarren skerm fan Mozilla Firefox. Om tagong te krijen ta it opsjesfoarkarren skerm, It sjabloan "opsjesfoarkarren" bestiet net of hat gjin goedkarre revyzje. Foar oare panielen, sjoch OpsjesFoarkarren skerm.

It Privacypaniel befattet opsjesfoarkarren opsjes relatearre ta jo privacy. As jo sneupe op it web, wurd ynformaasje oer wêr jo west binne, hokker siden jo besocht hawwe, ensfh. hjir bewarre.




Algemiene opsjesFoarkarren

Begjinside

Hjir kinne jo de side (of set fan ljepblêden) ynjaan dy't Firefox toane moat as jo in nij browserfinster iepenje of op de knop Begjinside klikke. Jou it adres yn it fjild Lokaasje(s) yn.


Klik op Dizze side brûke om de side te brûken dy't jo no besjogge. Jo kinne ek mear startsiden ynstelle. As op dit stuit mear as ien ljepblêd iepenstiet, stelt dizze knop dehiele set ljepblêden yn as startside.


Klik op Blêdwizer brûke... om de begjinside(n) oan te jaan troch gebrûk te meitsjen fan in blêdwizer. Jo kinne sels in hiele blêdwizermap brûke fan mear begjinsiden!


Klik op Lege side brûke as jo net wolle dat der in begjinside laden wurdt.


Standertbrowser

Firefox moat by it opstarten neigean oft it de standertbrowser is
Finkje dy opsje oan as jo wolle dat Firefox neigien moet oft it de standertbrowser is by it oproppen fan it programma. Sa wurdt beregele dat Firefox brûkt wurdt, alle kearen as in tapassing besiket in webstee wer te jaan of wannear't jo in HTML-bestân iepenje. Jo kinne ek No kontrolearje oanklikke om it fuortdaliks nei te gean.


Ferbiningsynstellings

Mooglik moatte jo fan jo organisaasje of ynternetprovider in proxy brûke of biede sy dy oan. In proxy tsjinnet as yntermediêr tusken jo kompjûter en it ynternet. It heint alle fersiken nei it ynternet op om te sjen oft it oan dy fersiken foldwaan kin troch gebrûk te meitsjen fan syn buffer. Proxys wurde brûkt om prestaasjes te ferbetterjen, fersiken te filterjen en om jo kompjûter foar it ynternet te ferbergjen om sa de feilichheid te ferbetterjen. Proxys binne faak ûnderdiel fan in firewall fan in bedriuw.


Finster foar ferbiningsynstellings:

Direkte ferbining mei it ynternet: Dit is de standertopsjeFoarkar. Kies dêrfoar as jo gjin proxy brûke wolle.

Proxy-ynstellings foar dit netwurk automatysk detektearje: Kies foar dizze opsje as jo Firefox sels de proxy-ynstellings foar jo netwurk útfine litte wolle.

Hânmjittige proxy-ynstelling: Kies hjirfoar as jo gjin proxylokaasje (ur<x>l) hawwe. Freegje jo systeembehearder nei de nammen en poartenûmers fan de servers dy't de proxyprogramma's útfiere foar elke netwurktsjinst en fier de ynformaasje yn 'e dêrfoar ornearre fjilden yn.

URL foar automatyske proxy-ynstelling: As jo wurkplak in proxy-konfiguraasjebestân hat, freegje dan oan de systeembehearder nei de URL dêrfan en fier dy hjir yn. Klik op Fernije om te ynstellings te laden.

!PrivacyopsjesFoarkarren

Yn it paniel Privacy steane opsjesFoarkarren dy't mei jo privacy te meitsjen hawwe. As jo op it web omsneupe, slacht Firefox ynformaasje op oer wêr't jo west hawwe, hokker siden as jo besocht hawwe en oare omsneupstatestiken. Druk op 'e knop Opskjinje fan elk ûnderdiel, útsein de wachtwurden, om dy ynformaasje op te romjen. As jo wier al jo wachtwurden yn ien kear fuortsmite wolle, klik dan op Bewarre wachtwurden besjen en klik op 'e knop Alles fuortsmite yn 'e wachtwurdbehearder.


Ynstellings om privee-ynformaasje fuort te smiten.

Fan Firefox meie jo inkelde of alle items opromje troch op CtrlCmd+Shift+Del te drukken of troch Ekstra > Privee-ynformaasje opskjinje... te kiezen. Jo kinne de opsjeFoarkar ek wizigje om Firefox de ynformaasje opromje te litten sadree't jo Firefox ôfslute. OpsjesFoarkarren dêrfoar steane yn it dialoochfinster Privee-ynformaasje opskjinje.


Om spesifyk foar de seksje jildende opsjesFoarkarren wer te jaan moatte jo de seksje iepenje troch op it oanbelangjende ljepblêd te klikken.


Skiednis

Hjir kinne jo oanjaan hoelang't Firefox byhâlde moat hokker siden oft jo besocht hawwe. De standertwearde is 90 dagen.


Bewarre formulieren

Ynformaasje bewarje dy't ik ynfier yn webformulieren en de sykbalke
As jo ynformaasje ynfiere yn webformulieren, ûnthâldt Firefox wat jo yntype en jout er automatysk suggestjes as jo wer ynformaasje ynfiere. Set dizze opsjeFoarkar út om dizze eigenskip út te skeakeljen.


Wachtwurden

Wachtwurden ûnthâlde
Firefox kin wachtwurden dy't jo yn webformulieren ynfiere feilich bewarje om it makliker te meitsjen by websteeën yn te loggen. Helje it finkje út it seleksjefjild om te foaren te kommen dat Firefox jo wachtwurden bewarret.


Haadwachtwurd ynstelle...
Firefox kin gefoelige ynformaasje lykas bewarre wachtwurden en sertifikaten beskermje. As jo in haadwachtwurd ynstelle sil Firefox it elke sessy ien kear freegje yn te fieren, sadree't it nedich is. Jo kinne it haadwachtwurd ynstelle, wizigje of fuortsmite troch op dizze knop te klikken.


Haadwachtwurd fuortsmite...
Klik op dizze knop om it aktuele haadwachtwurd fuort te smiten. Jo moatte dat haadwachtwurd ynfolje om dat te dwaan.


Bewarre wachtwurden besjen
Jo kinne bewarre wachtwurden beheare en yndividuele wachtwurden fuortsmite troch op de knop Bewarre wachtwurden besjen te klikken.


Ynlaadskiednis

De ynlaadbehearder (tagonklik mei Ekstra of troch op CtrlCmd+JCtrlCmd+Y te drukken) slacht toetskombinaasjes op nei bestannen dy't jo de lêste tiid ynladen hawwe. De ynlaadopsjesFoarkarren binne beskikber yn it paniel Ynladings-paniel.


Bestannen út de Ynlaadbehearder fuortsmite:
Kies oft de list fan de lêste ynladen bestannen wiske wurde moat nei suksesfol ynladen, of wannear't Firefox ôfslút, of as jo hânmjittich de list wiskje wolle. Om te list te wiskjen moatte jo op 'e Ynlaadskiednis no fuortsmite klikke ûnder of op de List opskjinje knop yn de Ynlaadbehearder.


Cookies

In cookie is in troch in webstee makke bestân dat ynformaasje op jo kompjûter bewarret, lykas jo foarkar by it besykjen fan dat webstee.


Cookies oansette
Standert binne cookies oanset. Helje it finkje foar dizze opsjeFoarkar wei om it brûken fan cookies út te skeakeljen. Tink derom dat guon websteeën mooglik net goed wurkje as cookies útskeakele binne.


Om de cookiebehearder te toanen moatte jo klikke op Cookies besjen.


Lear mear oer cookies, de yndividuele opsjesFoarkarren en hoe't jo yn 'e macht krije kinne hokker websteeën cookies op jo kompjûter bewarje meie troch te lêzen oer Cookies beheare.


Buffer

Siden dy't jo besjogge wurde gewoanwei yn in spesjale buffermap bewarre, dêrtroch kinne jo dy by in folgjende besite flugger besjen. Jo kinne hjir oanjaan hoefolle skiifromte de buffer brûke mei.


YnhâldopsjesFoarkarren

Popupfinsters blokkearje
Standert blokkearret Firefox ergerlike popupfinsters fan websteeën. It finkje foar dizze opsjeFoarkar weihelje, sil it blokkearjen fan popupfinsters útskeakelje.


Guon websteeën meitsje terjochte gebrûk fan popupfinster. Dêrom kinne jo oan dy websteeën tastean om dochs popupfinsters te iepenjen. Om dat te dwaan moatte jo klikke op Tastiene websteeën, jou de namme fan it webstee yn en klik op Tastean.


Kies in webstee út de list en klik op Webstee fuortsmite, om dy op te romjen. Klik op Alle websteeën fuortsmite, om de list folslein te wiskjen. Klik om OK om de wizigings te befêstigjen of op Ofbrekke om se ûngedien te meitsjen.


My warskôgje as websteeën tema's of útwreidings ynstallearje wolle
Firefox sil jo freegje om de ynstallaasje fan útwredings of tema's te befêstigjen. Om te foaren te kommen dat net-frege ynstallaasjefinsters by fersin wat ynstallearje, sil Firefox jo warskôgje as in webstee besiket in útwreiding te ynstallearjen en it ynstallaasjefinster blokkearje. Om de ynstallaasje fan guon sites ta te stean, moatte jo op de knop Utsûnderings klikke, de websteenamme ynfolje en op Tastean klikke. Helje it finkje foar dizze opsjeFoarkar wei om de warskôging foar alle siden út te skeakeljen.


Printjes lade
Standert wurde ôfbyldings op websiden laden. Finkje dizze opsjeFoarkar út om ôfbyldings folslein út te skeakeljen.

  • allinnich foar it oarspronklik webstee
    It oansetten fan dizze opsjeFoarkar jout de wissichheid dat allinnich ôfbyldings dy't op it aktuele webstee steane, laden wurde.

Ofhinklik fan it feit oft jo ôfbylding oanset hawwe, kinne jo feroarje hokker websteeën blokkearre wurde of hokker websteeën ôfbyldings lade kinne, troch op Utsûnderings te klikken. Fier it webstee yn dêr't jo ôfbyldings fan tafoegje/wegerje wolle en klik op Tastean om ôfbyldings ta te stean of klik op Blokkearje om de ôfbyldings te blokkearjen.


Java oansette
Java is in populêre, troch Sun Microsystems ûntwikkele programmeartaal foar it web. Ien inkeld Java programma kin op in soad ferskillende soarten kompjûters útfierd wurde, en sa wurdt de needsaak foar programmeurs om in aparte ferzje foar elke soart kompjûter te meitsjen te foaren kommen. Helje it finkje foar dizze opsjeFoarkar om Java-applets yn Firefox út te skeakeljen. Tink derom dat jo de Java-ynstekker ynstallearje moatte om Java-applets wurkje te litten.


JavaScript oansette
JavaScript is in skripttaal dy't in soad brûkt wurdt om websiden te bouwen. JavaScript wurdt faak brûkt om formulieren dynamysk te kontrolearjen en knoppen te selektearjen. It útskeakeljen fan JavaScript soarget der mooglik foar dat guon websteeën net mear goed wurkje.


Avansearre JavaScript-ynstellings

Besteande finsters te ferpleatsen of te fergrutsjen/ferlytsjen: Finkje dizze opsjeFoarkar út om it ferpleatsen en fergrutsjen of ferlytsjen fan finster mei help fan skripts út te setten.

Finsters ferskine/ferdwine te litten: Finkje dizze opsjeFoarkar út om te beregeljen dat skripts gjin finsters ferskine of ferdwine litte kinne.

Kontekstmenu’s út te setten of te ferfangen: Finkje dizze opsjeFoarkar út om te foaren te kommen dat websiden it kontekstmenu fan Firefox útsette of feroarje.

De steatbalke te ferbergjen: Finkje dizze opsjeFoarkar út om te twingen dat de steatbalke werjûn wurdt yn popupfinsters.

Steatbalketekst te feroarjen: Finkje dizze opsjeFoarkar út om it ferfelend rôljen fan tekst yn de steatbalke en it ferbergjen fan webadressen út te setten.


Lettertypen & kleuren

Standert Lettertype en Grutte
Gewoanwei wurde websteeën toand yn it lettertype en de grutte dy't hjir oanjûn binne. Websteeën kinne lykwols dy kar negearje, of jo moatte it oars oanjaan yn it finster Utwreide lettertype.


Klik op 'e knop Avansearre... om tagong te krijen ta de opsjesFoarkarren mear lettertypen.


Dialoochfinster Lettertypen:

  1. Kies in skrift-/talengroep út de karlist Lettertypen foar. Kies bygelyks foar Westersk om standertlettertypen yn te stellen foar it Westersk (Romaansk) skrift.
  2. Kies oft proporsjonele tekst mei skreef (lykas "Times New Roman") of skreefleas wêze moat (lykas "Arial"). Jou dêrnei de troch jo winske lettergrutte foar de proporsjonele tekst.
  3. Spesifisearje de lettertypen om te brûken foar skreef-, skreafleaze en monospace-lettertypen. Jo kinne boppedat de grutte fan -+monospace-lettertypen+- wizigje.

Jo kinne ek de skermresolúsje ynstelle, dy't standert 96 dpi is.


Fierder kinne jo de minimum grutte fan it lettertype dat op in skerm brûkt wurde moat, ynstelle. Dat kin handich wêze op guon sites dy't tige lytse, amper lêsbere lettertypen brûke.


Siden tastean om harren eigen lettertypen te kiezen ynstee fan myn seleksje hjirboppe
Firefox brûkt standert de lettertypen dy't de auteur fan de webside opjûn hat. It oansetten fan dizze opsjeFoarkar sil beregelje dat alle websteeën yn stee dêrfan jo standertlettertypen brûke.


Tekenset
De hjir selektearre tekenset sil brûkt wurde om siden wer te jaan dy't sels net ien opjouwe.


Kleurdialoochfinster:

Tekst en eftergrûn
Hjir kinne jo de standert tekst- en eftergrûnkleur wizigje om te brûken op websteeën dy't dy ynformaasje net opjûn hawwe. Klik op de kleurfoarbylden om kleuren út te sykjen.


Systeemkleuren brûke
Kies dizze opsjeFoarkar om de troch it bestjoeringssysteem ynstelde kleuren te brûken yn stee fan de kleuren dy't hjirboppe opjûn binne.


Keppelingskleuren
Hjir kinne jo de standertkleuren foar webkeppelings wizigje. Klik op de kleurfoarbylden om kleuren te selektearjen.


Keppelings ûnderstreekje
Standert wurde keppelings op websiden ûnderstreke. Helje it finkje foar dizze opsjeFoarkar wei om dit út te skeakeljen. Tink derom dat in soad websteeën harren eigen stylregels ynstelle en dizze opsjeFoarkar gjin útwurking op ditsoarte fan websteeën hat.


Siden tastean om harren eigen kleuren te kiezen yn stee fan myn seleksjes hjirboppe
Firefox brûkt standert de kleuren sa't dy oanjûn binne troch de auteur fan de webside. It oansetten fan dy opsjeFoarkar sil beregelje dat alle websteeën yn stee dêrfan jo standertkleuren brûke.


LjepblêdopsjesFoarkarren

Keppelings fan oare programma's iepenje yn:
Wannear't oare tapassings op jo kompjûter in webstee sjen litte, iepenet Firefox de side yn it ljepblêd of finster dat it lêste werjûn is. Jo kinne Firefox dy side op in oar plak iepenje litte troch dizze opsjeFoarkar te wizigjen.


Keppelings dy't nije finsters iepenje twinge om te iepenjen yn:
Firefox iepenet nije finsters fan keppelings wannear't websiden dêrom freegje. As jo leaver ljepblêden brûke by it websneupen, kin dat hâlden en dragen mooglik kontraproduktyf wêze. Jo kinne Firefox twinge keppelings dy't oars yn nije finsters iepene wurde soenen, op in oar plak te iepenjen. Kies om soks te dwaan it seleksjefjild foar dizze opsjeFoarkar en kies de troch jo winske aksje.


De ljepblêdbalke ferbergje wannear't mar ien webstee iepen stiet
As jo mar ien webstee besjogge yn in finster fan Firefox, wurdt de ljepblêdbalke net toand. Set dizze opsjeFoarkar út om de ljepblêdbalke altyd te toanen.


Keppelings dy't yn ljepblêden laden wurde op de foargrûn iepenje
As jo mei de middelste mûsknop op webkeppelings klikke (of CtrlCmd yndrukt hâlde by it klikken mei de linker mûsknop), sille de keppelings yn in nij ljepblêd iepene wurde. Dat ljepblêd sil net daliks toand wurde; it wurdt op 'e eftergrûn laden. Markearje dizze opsjeFoarkar om de keppeling yn stee dêrfan yn in ljepblêd op 'e foargrûn te laden, wat it ljepblêd fuortdaliks toane sil.


Warskôgje by it sluten fan mear as ien ljepblêd
As jo in finster mei mear as ien ljepblêd slute, sil Firefox jo freegje dat te befêstigjen. Soks komt tefoaren dat jo by fersin it hiele finster slute wylst jo allinnich it aktuele ljepblêd slute wolle. Helje it finkje foar dit seleksjefjild wei om dy warskôging oer te slaan en om Firefox it finster automatysk slute te litten.


YnlaadopsjesFoarkarren

Dit paniel beregelet hoe't Firefox ûnderskate bestânsoarten lykas tapassings, komprimearre bestannen en multymediabestannen behannelet.


Ynlaadmap

My freegje wêr't elk bestân bewarre wurde moat
Firefox sil jo hieltyd freegje wêr't jo it bestân bewarje wolle as jo in bestân ynlade.


Alle bestannen yn dizze map bewarje:
Dit is de standertopsjeFoarkar yn Firefox en de standertmap is it Buroblêd. Jo kinne in oare map opjaan dêr't alle ynladen bestannen yn bewarre wurde sille troch op de knop Blêdzje te klikken.


Ynlaadbehearder

Toan Ynlaadbehearder as it ynladen begjint
Kies oft de Ynlaadbehearder al of net automatysk ferskine moat as it ynladen útein set.


Slút de Ynlaadbehearder as it ynladen dien is
Kies oft de Ynlaadbehearder al of net automatysk slute moat as it ynladen klear is.


Ynlaadaksjes

It dialoochfinster Ynlaadaksjes, dat iepene wurde kin mei de knop Aksjes sjen litte & Bewurkje..., befettet de bestânstypen dy't jo ynladen hawwe. Jo kinne kieze wat Firefox dwaan moat as jo op in beskaat bestânstype klikke, troch it bestânstype dat jo wizigje wolle te selektearjen en dêrnei op de knop Wizigje aksje... te klikken.


Dêrtroch sil it finster Aksje oanpasse foar it ljocht komme, dêr't yn jo kieze kinne om it bestânstype iepenje te litten troch in standerttapassing, iepenje te litten fan in troch de brûker opjûne tapassing, op 'e skiif op te slaan, of ôfhannelje te litten troch yn ynstallearre ynstekker. As jo bygelyks in soad mediabestannen op websiden besjogge, wolle jo miskien oanjaan dat Firefox mediabestannen altyd iepenet yn jo mediaspiler yn stee fan te freegjen wêr't jo elk mediabestân bewarje wolle.


  • Iepenje mei de standerttapassing:
    Kies dizze opsjeFoarkar om dit bestânstype yn de standerttapassing foar dit bestânstype te iepenjen (beregele troch it bestjoeringssysteem).
  • Iepenje mei dizze tapassing:
    Kies dizze opsjeFoarkar om in oare tapassing te kiezen dy't dit bestânstype ôfhandelje moat. Jo krije in dialoochfinster te sjen dat jo freget de te brûken tapassing te kiezen.
  • Op myn kompjûter bewarje
    Dizze opsjeFoarkar sil de bestannen op 'e skiif bewarje. As jo de opsjeFoarkarAlle bestannen yn dizze map bewarje oanset hawwe, sille de bestannen automatysk bewarre wurde.
  • Dizze ynstekker brûke:
    Kies dizze opsjeFoarkar om in ynstekker dit bestânstype ôfhannelje te litten.

Kies in bestânstype en klik op de knop Fuortsmite, om in automatyske regel foar dat bestânstype fuort te smiten.


Avansearre opsjesFoarkarren

Op it paniel Avansearre steane gâns opsjesFoarkarren dy't nei alle gedachten troch de measte minsken net brûkt wurde sille, mar dy't dochs handich binne en foar guonlju sels ûnmisbere opsjesFoarkarren binne.


Ljepblêd Algemien

Tagonklikheid

Tekst selektearje mei it toetseboerd
Ek wol bekend as websneupe mei de kursor. As jo in finkje foar dit fekje sette, wurdt in ferpleatsbere kursor toand dy't it mooglik makket tekst te selektearjen mei it toetseboerd. Guon helpmiddels om de tagonklikheid te ferbetterjen, lykas skermlêzers en fergrutglêzen, brûke de kursor om út te meitsjen hokker part fan it skerm lêzen of fergrutte wurde moat. Jo kinne dizze ynstelling oan- en útsette troch op F7 te drukken.


Begjin te sykjen wannear't jo begjinne te typen
Wannear't dy opsjeFoarkar oanset is, sil Firefox ûnder it typen sykje nei wat jo type binnen de aktuele webside. Wylst jo nei typte tekst op de side sykje, sil de wurkbalke sykjen automatysk toand wurde ûnderoan it finster om de ynformaasje te toanen oer wat jo fûn hawwe.


Navigearje

Grutte ôfbyldings ferlytsje om yn in finster fan Firefox te passen
Dizze mooglikheid is te ferlykjen mei dy yn Internet Explorer. It ferlytset automatysk de ôfbyldings dy't grutter binne as wat op in skerm past. Dêrtroch kin jo de folsleine ôfbylding besjen. Klik op de ôfbylding om him op wiere grutte te besjen.


Automatysk skowe brûke
Automatysk skowe is in handige mooglikheid dêr't jo de kâns troch krije om de side te skowen troch allinnich mar de middelste mûsknop (meastal it mûstsjil) yn te drukken en de mûs nei boppen of ûnderen te bewegen. Guon minksen jout dat argewaasje, dêrom dat automatysk skowen útset wurde kin mei dizze opsjeFoarkar.


Floeiend skowe brûke
Floeiend skowe kin tige handich wêze as jo in soad lange siden lêze. As jo op de toets Page Down drukke, springt de werjefte gewoanwei daliks in side nei ûnderen. Mei Floeiend skowe skoot it floeiender nei ûnderen, dêrtroch kinne jo echt sjen hoefolle as it ferskoot. Dat makket it makliker om fierder te lêzen op it plak dêr't jo earder wienen.


Talen

Guon websiden wurde yn mear as ien taal oanbean. Klik op de knop Talen om de taal fan jo kar oan te jaan.


Dialoochfinster Talen
Druk om in taal ta te foegjen op Talen bewurkje..., kies de taal en klik op de knop Tafoegje. Smyt in taal fuort troch dy yn de list mei aktive talen te selektearjen en op de knop Fuortsmite te klikken.


Jo kinne talen op 'e nij oarderje om de foarkar te beskieden wannear't in side yn twa of mear troch jo selektearre talen oanbean wurdt. Doch dit troch de knoppen Omheech ferpleatse en Omleech ferpleatse te brûken.


Ljepblêd Fernijing

Firefox kin neigean oft der nije ferzjes fan troch jo ynstallearre útwreidings binne of dat der in nije ferzje fan Firefox sels beskikber is.


Automatysk kontrolearje op nije ferzjes fan:
Standert giet Firefox sels nei oft der nije ferzjes beskikber binne, foar útwreidings en tema's en foar sykmasines. Sadwaande beskikke jo altyd oer de nijste ferzje. Jo kinne dizze aksjes útskeakelje troch de dêrfoar ornearre feksjes út te finkjen.


As der fernijings foar Firefox fûn binne,


My freegje wat ik dwaan wol: Fernijings foar Firefox wurde meastal standert automatysk ynstallearre. Kies dizze opsjeFoarkar om hânmjittich nei te gean hoe en wannear fernijings ynstallearre wurde.

Automatysk de fernijing ynlade en ynstallearje: As dizze opsjeFoarkar keazen is, sille fernijings foar Firefox automatysk ynladen wurde en de oare kear dat Firefox oanset wurdt, ynstallearre wurde. De opsjeFoarkarMy warskôgje as dit útwreidings of tema's útskeakelje sil beskiedt of jo in warskôging krije sille foar de ynstallaasje fan in fernijing dy't easkje soe dat in net te kombinearjen útwreiding of in tema útskeakele wurdt om't der gjin nijere, wol te kombinearjen ferzje bestiet. De warskôging makket it foar jo mooglik de ynstallaasje fan de fernijing út te stellen, hoewol't dit ten koste giet fan de ferbetterings dy't er ynhat. As alle útwreidings en tema's te kombinearjen binne of bywurke wurde kinne, dat se op dy wize te kombinearjen binne, sil de fernijing foar Firefox ynstallearre wurde. By it op 'e nij oansetten sil frege wurde om de nedige útwreiding- en tema-fernijings te ynstallearjen. Dêrtroch kinne jo se fierder ek wer brûke.


Fernijings sjen litte
Firefox hâldt sels de fernijings by dy't jo ynstallearre hawwe. Jo kinne ynformaasje oer dy fernijings ynsjen troch op dizze knop te klikke.


Noat: Jo moatte Firefox as administratorroot of as de brûker dy't Firefox oarspronklik ynstallearre hat útfiere om fernijings foar Firefox te ynstallearjen.


Ljepblêd Feilichheid

Protokollen

SSL 2.0 brûke
Spesifisearret oft jo befeilige ynformaasje ferstjoere en ûntfange wolle mei SSL2 (Secured Sockets Layer Level 2), it standert protokol foar befeilige ferbinings. Alle befeilige websteeën stypje dit protokol.


SSL 3.0 brûke
Spesifisearret oft jo befeilige ynformaasje ferstjoere en ûntfange wolle mei SSL3 (Secured Sockets Layer Level 3), in protokol dat bedoeld is om feiliger te wêzen as SSL2. Tink derom dat guon websteeën dit protokol mooglik net stypje.


TLS 1.0 brûke
Spesifisearret oft jo befeilige ynformaasje ferstjoere en ûntfange wolle mei TLS (Transport Layer Security), in iepen feilichheidsstandert, te ferlykjen mei SSL3 (Secure Sockets Layer). Tink derom dat guon websteeën dit protokol mooglik net stypje.


Sertifikaten

Sertifikaten helpe by it ferhutseljen en dekodearjen fan ferbinings mei befeilige websteeën.


As in webstee in sertifikaat fereasket:
As in webstee freget om in befeilige ferbining, sil Firefox standert sels in gaadlik sertifikaat brûke. Kies as jo hânmjittich in sertifikaat kieze wolle (as jo bygelyks in beskaat soarte fan ferhutseljen brûke wolle yn stee fan wat automatysk selektearre is) de opsjeFoarkarMy elke kear freegje, en jo sille hielendal sels regelje kinne hokker sertifikaten brûkt wurde moatte by it navigearjen.


Sertifikaten besjen
Klik op de knop Sertifikaten besjen... om bewarre sertifikaten te besjen, nije sertifikaten te ymportearjen en reservekopyen fan âlde sertifikaten te meitsjen of om dy út Firefox fuort te smiten.


Ynlûklisten
Firefox kin gebrûk meitsje fan Sertifikaatynlûklisten (CRL-s) om wissichheid te jaan dat jo sertifikaten net ûnjildich binne. Klik op 'e knop Ynlûklisten foar it behearen fan de CRL-s dy't op jo kompjûter ynstallearre binne.


Ferifikaasje
OCSP (Online Certificate Status Protocol) is in manear om jo sertifikaten jildich te meitsjen, alle kearen as se besjoen of brûkt wurde. Firefox brûkt standert OCSP net, mar as jo it aktivearje wolle, kinne jo dat hjirre dwaan. Nei alle gedachten hoege jo dit allinnich mar te wizigjen as jo ynternetomjouwing dat fereasket.


Feilichheidsapparaten
Feilichheidsapparaten kinne ferbinings ferhutselje en dekoadearje en sertifikaten en wachtwurden bewarje. Klik op de knop Feilichheidsapparaten beheare... as jo in oar as it feilichheidsapparaat yn Firefox brûke moatte.




[[Opsjesskerm Werom nei OptionFoarkar skerm article]::


Share this article: http://mzl.la/1BAQxAr

Wie dit artikel behelpsum?

Ien momint...

These fine people helped write this article: Chris_Ilias. You can help too - find out how.
Get support for another platform:
Customize this article

Firefox