Cookies beheare | Hoe moat ik

Cookies beheare

Yn dit dokumint wurdt útlein wat cookies binne, hoe't se brûkt wurde en hoe't jo de op jo kompjûter opsleine cookies yn 'e macht krije kinne, troch de cookiesbehearder yn Mozilla Firefox te brûken.


Wat is in cookie?

In cookie is in bestân dat makke wurdt troch in webstee om ynformaasje op jo kompjûter te bewarjn, lyk as jo ynstellings as jo dat webstee besykje. As jo in webstee besykje dy't cookies brûkt, freget dat webstee Firefox mooglik om ien of mear cookies op jo hurde skiif te setten.


Letter, as jo weromkomme op dat webstee, stjoert Firefox de cookies werom dy't by dat webstee hearre. Dat stelt it webstee yn steat om jo de oan jo ferlet oanpaste ynformaasje oan te bieden.


Cookies kinne ek persoansgegevens bewarje. By persoansgegevens giet it om ynformaasje dy't brûkt wurde kin om jo te identifisearjen of kontakt mei jo op te nimmen, lykas jo namme, e-mailadres, thús- of wurkadres of telefoannûmer. In eebstee hat lykwols allinnich tagong ta persoansgegevens dy't jo trochjouwe. In webstee kin bygelyks net útmeitsje wat jo e-mailadres is, of jo moatte it sels trochjaan. In webstee kin ek gjin tagong krije ta oare ynformaasje op jo kompjûter.


Wannear't jo de standertynstellings foar cookies brûke, is dy aktiviteit foar jo net waarnimber en witte jo net wannear't in webstee in cookie pleatst of wannear't Firefox in cookie nei in webstee tastjoert. Jo kinne jo opsjesFoarkarren foar cookies lykwols sa ynstelle dat it oan jo frege wurde sille ear't in cookie ynsteld wurdt.


cookieregels ynstelle

Standert akseptearret Firefox alle cookies, ynklusyf cookies dy't it foar in webstee mooglik meitsje om jo effektyf foar altyd te identifisearjen. As jo dat neat taliket, kinne jo Firefox alle cookies fuortsmite litte as jo Firefox ôfslute.


  1. Kies Ekstra > OpsjesEkstra > Foarkarren Firefox > Foarkarren en it paniel Privacy.
  2. Kies de opsjefoarkar ik Firefox ôfslút út it kombinaasjefjild Bewarje oant:.

Klik op Utsûnderings..., fier it adres fan it webstee yn en klik op Tastean, as jo websteeën dy't jo fertrouwe de mooglikheid jaan wolle om cookies permanint te bewarjen (bygelyks om automatysk yn te loggen op in webstee).


Alle ynstellings

Dit binne de opsjesFoarkarren dy't de wize dêr't Firefox cookies op behannelet, beynfloedzje.


Websteeën tastean om cookies yn te stellen:

Helje it finkje foar dizze opsjefoarkar wei, as jo wolle dat gjin inkeld webstee cookies op jo kompjûter bewarret. Tink der om dat guon websteeën mooglik net goed wurkje as cookies útskeakele binne. Iepenje it finster Utsûnderings - Cookies troch op Utsûnderings... te klikken, it webadres yn te fieren en Tastean of Tastean foar sitting te kiezen, as jo beskate websteeën tastimming jaan wolle om cookies te bewarjen.

allinne foar it oarspronklik webstee: As Firefox in cookie fan in webstee bewarret, sil er it cookie allinnich weromstjoere oan it oanbelangjend webstee. Firefox sil troch in webstee ynstelde cookies net trochjaan oan in oarenien. Om't in webstee allinnich mar eigen cookies ûntfange kin, kin it jo aktiviteiten neigean wylst jo op dat webstee binne mar net jo algemiene aktiviteiten ûnder it navigearjen op it web.

Somtiden toant in webstee lykwols ynhâld dy't troch in oar webstee levere wurdt. Dy ynhâld kin fan alles wêze: fan in printsje oant tekst of in advertinsje. Dat oare webstee hat ek de mooglikheid om in cookie yn Firefox te bewarjen, sels as jo it webstee net streekrjocht besocht hawwe.

Cookies dy't troch in oar webstee bewarrwe wurde as dy't jo besykje, wurde cookies fan tredden of frjemde cookies neamd. Websteeën brûke soms cookies fan tredden mei transparante GIF'-fen, dat binne spesjale ôfbyldings dy't websteeën helpe om brûkers te tellen, e-mailantwurden te folgjen, mear te witten te kommen oer hoe't brûkers it webstee brûke of jo ûnderfining by it navigearjen oan te passen. (Transparante GIF-fen steane ek bekend as webbeakens of webbugs). Wannear't dit seleksjefek markearre is, sil it bewarjen fan dy frjemde cookies opkeard wurde.

Bewarje oant::

  • se ferrinne
    As dizze opsjefoarkar keazen is, sil ynformaasje oer cookies fuortsmiten wurde wannear't dy oer de ferrindatum hinne giet.
  • ik Firefox ôfslút
    As dizze opsjefoarkar keazen is, sil de ynformaasje oer cookies fuortsmiten wurde as jo op 'e nij mei Firefox út ein sette. Websteeën dy't it brûken fan cookies ferplicht stelle, sille noch altyd wurkje, mar as jo Firefox wer starte, sil it webstee tinke dat jo foar it earst by dat webstee ynlogge.

/>* my elke kear freegje
Jout alle kearen as in webstee besiket om in cookie te bewarjen in warskôging wer om jo te freegjen oft jo dat cookie bewarje wolle.

Cookies akseptearje en blokkearje

Derfan útgeand dat jo de hjirboppe ferdútste cookieregels ynskeakele hawwe, sille jo in dialoochfinster sjen, hieltyd as in webstee in cookie op jo kompjûter bewarje wol:


Tastean: Klik allinnich op Tastean, om dit cookie hjir ta te litten. Brûk dit as jo it webstee fertrouwe.

Tastean foar sitting: Klik op Tastean foar sitting as jo dit cookie no tastean wolle, mar wolle dat er fuortsmiten wurdt as jo Firefox ôfslute. Brûk dit as it webstee net sûnder cookies wurket, mar jo net wolle dat der in permanint cookie fan bewarre wurdt.

Blokkearje: Klik op Blokkearje as jo net wolle dat dit cookie bewarre wurdt. Markearje it. Brûk dit as jo it webstee net fertrouwe of it der fan fertinke dat er jo privacy skeint.

Brûk myn kar foar alle cookies fan dit webstee: Kies dit fekje foardat jo op ien fan de knoppen klikke as jo wolle dat Firefox jo beslissing ûnthâldt en net op 'e nij dêr nei freget. It webstee sil taheakke wurde oan it finster Cookies - Utsûnderings, dêr't jo jo kar ûngedien meitsje kinne as jo efternei wat oars wolle.

It finster Cookies - Utsûnderings

Iepenje dit finster mei de knop Utsûnderings yn de opsjesFoarkarren cookies. Hjir kinne jo útsûnderings foar jo algemiene cookieopsjesFoarkarren foar elke webstee apart fêstlizze. Mei help fan útsûnderings kinne jo alle cookies tastean oant Firefox ôfsluten wurdt, los fan jo oare cookie-ynstellings.


Typ gewoan de domeinnamme fan in webstee yn it fjild Adres fan it webstee om in webstee oan dizze list ta te heakjen. Klik dêrnei op Blokkearje om cookies fan it webstee te wegerjen, klik op Tastean om cookies fan it webstee ta te litten, of klik op Tastean foar sitting om cookies foar it webstee ta litten mar om se fuort smite te litten as jo Firefox ôfslute.


Selektearje in webstee en klik op Webstee fuortsmite om in webstee fuort te smiten. Klik op Alle websteeën fuortsmite om de list folslein te wiskjen. Dêrtroch binne jo algemiene cookieopsjesfoarkarren wer fan tapassing.


It finster Cookies sjen litte

Brûk it finster Cookies sjen litte om cookies te besjen en fuort te smiten. Klik op de knop Cookies sjen litte yn 'e cookiesopsjesfoarkarren om dat te bewurkjen.


Dit finster lit in list sjen fan alle cookies dy't op dit stuit op jo kompjûter opslein binne, byinoar set neffens it webstee dêr't se by hearre. Jo kinne de websteeën útklappe en in cookie útkieze om dêr mear ynformaasje oer te krijen. Jo kinne ek sykje nei in webstee of in cookienamme troch yn 'e sykbalke te typen.


Kies in cookie en klik op Cookie fuortsmite om in cookie fuort te smiten. Kies in webstee en klik op Cookie(s) fuortsmite om de cookies fan in webstee fuort te smiten. Klik op Alle cookies fuortsmite om alle cookies te wiskjen. (Dat is itselde as op de knop Cookies no fuortsmite klikke fan it ljepblêd Cookies fan it paniel Privacy fan it finster OpsjesFoarkarren.)


Auteursrjocht © 2003-2008 Meiwurkers fan it Mozilla Help Viewer Project.


Share this article: http://mzl.la/1BAQyo7

Wie dit artikel behelpsum?

Ien momint...

These fine people helped write this article: Fjoerfoks. You can help too - find out how.
Get support for another platform:
Customize this article

Firefox