Opsjes

Dit artikel kin net mear by de tiid wêze.

Der is in wichtige wiziging west yn it Ingelske artikel wêrop't dit basearre is. Oant dizze side fernijd is, fine jo dit miskien behelpsum: Options window

Dit dokumint beskriuwt alle opsjesfoarkarren dy't beskikber binne yn it OpsjesFoarkarren finster fan Mozilla Firefox. Tagong ta it opsjesfoarkarren finster , At the top of the Firefox window, click on the Firefox button (Tools menu in Windows XP) and then click OptionsOn the menu bar, click on the Firefox menu and select Preferences...At the top of the Firefox window, click on the Edit menu and select PreferencesAt the top of the Firefox window, click on the Tools menu and select Options...On the menu bar, click on the Firefox menu and select Preferences...At the top of the Firefox window, click on the Edit menu and select Preferences...


Haadpaniel

It Haad-paniel hat opsjesfoarkarren relatearre ta de meast algemiene brûkte ynstellings, lykas wat jo earst sjogge as Firefox start en wat Firefox docht mei ynladen bestannen. Sjoch by Opsjesfinster - Haad-paniel foar mear ynformaasje.


Ljepblêden-paniel

It ljepblêden-paniel befettet opsjesfoarkarren relatearre ta de funksje blêdzje mei ljepblêden. Sjoch by Opsjesfinster - Ljepblêdenpaniel foar mear ynformaasje.


Ynhâld-paniel

It Ynhâld-paniel befettet opsjesfoarkarren relatearre ta hoe't websteeën toand wurde. Sjoch by Opsjesfinster - Ynhâld-paniel foar mear ynformaasje.


Applikaasjes-paniel

It Applikaasjes paniel lit jo bepale hoe't Firefox omgiet mei ferskate bestânstypen (byg. PDF dokuminten of audiobestannen). It toant jo in list mei ynhâldtypes en lit jo in aksje selektearje foar elk type, lykas iepenje mei in applikaasje, iepenje yn Firefox mei in ynstekker, of it bestân bewarje. Sjoch by Opsjesfinster - Applikaasjes-paniel foar mear ynformaasje.


Privacy paniel

It Privacypaniel befattet opsjesfoarkarren opsjes relatearre ta jo privacy. As jo sneupe op it web, wurd ynformaasje oer wêr't jo west binne, hokker siden jo besocht hawwe, ensfh. hjir bewarre. Sjoch by Opsjesfinster - Privacy paniel foar mear ynformaasje.


Feilichheid paniel

It Feilichheidspaniel befettet opsjesfoarkarren relatearre ta it feilich hâlden fan jo websneupen. Sjoch by Opsjesfinster - Feilichheid paniel foar mear ynformaasje.


Avansearre paniel

It Avansearre paniel befattet opsjesfoarkarren dy't minder brûkt wurde troch minsken, lykas it kontrolearjen of Firefox de standert browser is, skiifbuffer leechmeitsje, ynstellings foar Firefox fernijings, en ferskate avansearre ynstellings dy't allinnich bepaalde brûkers nedich hawwe. Sjoch by Opsjesfinster - Avansearre paniel foar mear ynformaasje.

Oan dizze side hawwe meiwurke: Fjoerfoks

Wie dit artikel behelpsum? Ien momint...